Krystfolders

Protten krystfolders wurde troch de brievebus skowd. It binne net mear fan dy flatsjes papier mar boekwurken wurden. Je soene se yn de boekekast sette as it romans wiene, dan wiene se net te beteljen. De iene is noch moaier as de oare. BN-ers ferhelje wiidweidich oer hun plannen mei de krystdagen. Faaks ha se [Lês mear »]

I love you

Is it jimme wol es opfallen hoe faak de Amerikanen stjin elkoar roppe: “I love you.”?  Te pas en te ûnpas wurd it sein. It heard by hun kultuur. Wy sizze dat nèt sa faak tsjin elkoar; “Ik hâld fan dy.“ Wy binne as Friezen der te nuchter foar mar it kin ek ùs natuer wêze. Ik betraapje [Lês mear »]

Libbensein

“Mem, jimme moatte fêst lizze as jimme reanimeard wurde wolle. Mar ek as jimme ungenêslik siik wurde. Moatte wy dan eutanasy tapasse?“ freget de soan.  Ik moat efkes omskeakelje, ik bin oan it earpel skilen en dan tinke jo net oan de dea.  “Alles op papier sette hoe en wat jimme wolle.” seit er.   Mar,” sis ik; [Lês mear »]

In dak boppe de holle

Wylts it lân oeral mei aksjes dwaande is foar help oan de Filepijnen hingje ik fûgelhokjes op. Yn in grutte bistewinkel kaam ik in nijsgjirrich hokje tsjin mei in grien dakje der boppe. “Meist noch wol ien helje.” seit er; “Dat liket sa iel.“ En sa koste it my fjouwer ritten nei de winkel.  Mar no is it [Lês mear »]

It dûnsereske

“Kinst ek wat opskowe?” sis ik brimstich en draai my noch ris om. Mar se bliuwt mar triuwen en as ik my net oan it bed fêst hâlden hie, hie ik op ‘e grûn lein. Lilk gean ik oerrein en sjoch ferheard om my hinne. Myn man seit kribbich; “Is er wat?“ “Nè,” sis ik; “ik [Lês mear »]

Kloklieder

Edward Snowden hat bekend makke dat de Amerikaanske feiligheidstsjinsten fan elkenien op ‘e hichte is.. Sa is ek ùs ynternet en de telefoan net feilich. “En myn webside dan?” freegje ik de soan; “Wat hat de FBI, CIA en de AIVD oan myn skriuwerij?”   “Yn dy simpele stikjes kinne wol spionaazje berjochten ferskûle sitte.“ seit [Lês mear »]

Tegearre diele

Ien snein yn de simmer hâlde de menisten in Hagepreek. Dat wol sizze, in tsjinst bûtendoar yn it lân fan boer Yntema te Nijskoat. Dizze tsjinsten komme ùt de tiid doe hja ferfolge waarden om harren leauwen. Snein wie it wer safier. It waar wurke net mei, de gearkomst waard ferskowe nei de skuorre. Under it [Lês mear »]

Ûnwennigens (2)

Der oerfalt my somstiden in gefoel fan ûnwennigens. Hawwe jimme dat ek wolris? It is in gefoel dat jo net omskriuwe kinne. It is in oare ûnwennigens die ik as bern hie. Ùs mem woe de hannen wol es frij hawwe  en sa moast ik yn de fekânsjes ùtfanhûzje by myn pake en beppe yn [Lês mear »]

Ierdbeving

Troch donderjend geweld wurd ik wekker. Myn earste gedachte is in ierdbeving is dy hjir nò ek al? Ik sjoch nei myn man mar dy leit noch op it selde plak wer`t hy lizzen gong is. Ik flean nei underen ta en sykje om ‘e hûn. Wer is dat bist dochs ? Triljend en mei [Lês mear »]

7.7 prosint

“Binne wy gelokkich?” Er is ûndersiik dien ûnder de Nederlanders oer lokkich wezen. En 7.7 prosint fan de befolking seit dat hy gelokkich is. Hja hawwe betrouwen yn it regear en hawwe in protte kontakten. It hat my oan it tinken set. As jo de media leauwe moatte dan is er altiid in protte argewaasje [Lês mear »]

>