Kloklieder

klokkenluiderEdward Snowden hat bekend makke dat de Amerikaanske feiligheidstsjinsten fan elkenien op ‘e hichte is..

Sa is  ek  ùs ynternet en de telefoan net feilich. “En myn webside dan?” freegje ik him; “Wat hat de FBI, CIA en de AIVD oan myn skriuwerij?” freegje ik.  

Yn dy simpele stikjes kinne wol spionaazje berjochten ferskûle sitte. seit hy. “En dan noch de satelieten, dy alles registrearje wer sto biste en was sto dochste. Dy feilichheidstsjinsten , hja kinne ùs sibben en goedkunde better as wy dy kinne.” 

De kloklieder koe der nèt mei libje en hat de saak wrâldwiid iepenbier makke. Hy koe it net iens wurde mei syn gewisse. Ûndanks syn ynkommen fan 91.683 euro per jier hat hy syn hert folge. En nò sit hy earne yn nimmanslân sûnder frou en bern, sûnder ynternet en telefoan.

“Wat in held.” sis ik tsjin myn man; “Dizze man moat de Nobelpriis ha.  

 “Sil ik dan mar troch gean mei myn stikjes? Miskyn hat Edward de Kloklieder der wat oan. Och, hearkes; dy kin er dan ek nèt krije fansels.

(..)

Diele mei:

2 Comments on “Kloklieder

  1. Daarom durfde ik ook niet bij je te reageren, bang dat ze er verkeerde berichten in zouden lezen.

    Maar het maakt me heel droevig zoals je Edward’s bestaan nu omschrijft.

    • Ja, ik meitsje my wol wat soargen om dy earme jonge. Hoe komt hy oan skjinne ûnderbroeken ,boesgroentsjes en skearsjippe? Pinne kin er net . Dit wurd noch in hiele poepetoer.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien