Leafde hat syn beheindens

troch Posted on 2 Comments 1 min read 181 views


Mei in gejuichje springt Stientsje tsjin myn holle oan. De nacht is lang foar in kat dy yn in flat wennet.

En as ik dan oan de brogge sit is se ùt de skroeven, dan moat er earst krûpt wurde.

Sa ek fanne moarn, mei in grutte bôge komt se op my ta mar ûngelokkigerwize tsjin myn gebid oan.

De helte fan de tosk falt op it board. Bestraffend sjoch ik har oan en sis:  “Dasto bliid bist is moai mar sa hoecht it  no ek wer net.”

Ik skilje de toskedokter en kin de selde middei komme.

Ik ha de heale tosk meinom want de tosk is wol tachtich jier âld, fansels . 😅

Efkes stean ik erby stil, wat hat san tosk wat foar de kiezen hân. Koalraap, winterwoartels, readebieten en alles wie rauw want it wie ommers do oarloch. Mar dertroch kin ik noch mei myn eigen gebit nei de toskedokter, tink ik.

De rekken kaam in pear dagen letter, ik ha him Stientsje lêze litten. It andert wie in krûpke mar gelokkich hie ik de mûle ticht.

Leafde hat sa syn beheindens…

Print Friendly, PDF & Email
  • 12
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
    12
    Shares
avatar
1 Comment threads
1 Thread replies
1 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
WokkeJan K. alias Afanja Recent comment authors
  Abonnearje  
Nijste Âldste
Notify of
Jan K. alias Afanja
Guest

It hie slimmer kind, sille we mar sizze.

Previous
Prottelkofje

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien