In earm om my hinne Da’s genôch.

In earm om my hinne, mear hoecht net.

In presintsje mei sinterklaas hoecht net.

In sûkeladeletter komt altyd fan pas, mar it hoecht net.

In pakje ferpakke yn in fleurich stikje papier, mei in grut kleurich lint er om hoecht net.

In earm om my hinne kost neat mar giet fier boppe alle sûkeladeletters.

En sis ik es wat, wat ik al earder sein ha, nim it my net kwea ôf, ik ha it ommers goed mei jimme foar.

Ik freegje allinne mar in earm om my hinne, mear net.

In earm om my hinne, da’s genôch.

LÊS EK:  Beltsjelellers
  • >