Stofsûgerje

Stofsûgerje, der is gjin minder wurk dan dat. Wat ha ik der in hekel oan. En dochs moat it mei in hushâlding fan minsken en beesten. Mar bleun it der mar by. Sa bin ik regelmjittich op myn kompjûter oan it stofsûgjen. It moat oprèdden weze.

Myn mailboks moat oersichtelik weze. Gjin reklame as rommel wat der net op thus heard. Ta grutte argewaasje fan myn soan. "Mem hat safolle -mega romte- oer. Sparje it mar op." seit er hieltiid.  Mar ja, ik bliuw in husfrou, it sit er yn. Dat kryt min er net wer ùt. Mar ik sit mei de gefolgen.

Dan de ôffalbak mar oer de kop miskyn sit der noch wat yn? Nè hear, alles opsûge. Gjin reaksjes fan myn sibben as OBA-freonen mear.

Soan, ha in bytsje konsideraasje mei dyn âlde mem. Hja moat noch safolle leare op dit med...

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest

7 Comments
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments
Soan D.

Ik sis neat. Ik soe net doare.

gelfke

Goeie, is it net túgslobberje??? Hoe dan ek, wat jo beskriuwe is ek foar my in bekend probleem.
noch in goede snein!

Sjoerdtsje de Vries

Soe it wêze om't wy froulju binne? Ik smyt ek altyd drekt de mail fuort as ik it lêzen ha, útsein dy't ik bewarje wol, dy ha ik ûnderbrocht yn mapkes. Sa giet it ek gewoan wei, ik bin in mappefreak. Alles bewarje, mar rangskikt yn mappen. In bytsje oersicht is neat mis mei. Mar krekt sa't je sizze, ik bin ek wolris te rap en dan, ja........ Froulju!

Appelvrouw

Ah, mag ik hier wel Nederlands praten of begrijpen jullie dat niet?
Ik ben meer het type van een emmer met sop.

Appelvrouw

Jullie taalgevoel is prachtig, al praat de Nederlander Nederlands tegen jullie, jullie blijven bij je zelf 🙂
Zo zinnig, dat jullie je eigen taal konden behouden. Menig dialectprater is daar jaloers op.

Jammer dat ik Groninger ben en gewoon praat zoals ik schrijf.

7
0
Would love your thoughts, please comment.x