Tegearre diele

keiIen snein yn de simmer hâlde de menisten in Hagepreek. Dat wol sizze, in tsjinst bûtendoar yn it lân fan boer Yntema te Nijskoat. Dizze tsjinsten komme ùt de tiid doe hja ferfolge waarden om harren leauwen.

Snein wie it wer safier. It waar wurke net mei, de gearkomst waard ferskowe nei de skuorre. Under it gehoor fan de harkers tsjûgen ek de bisten dat se er mei iens wiene. As nèt, fansels. 

It tema fan dizze moarn gie oer Lukas 9Jezus fuoret fiiftûzend minsken mei fiif breaèn en twa fisken en se krigen allegearre sèd. Bern fan de sneinskoalle fan Wergea leine ùt hoe sy tochten wat der hjoeddeis mei bedoeld waard.  

Under de tsjinst makken hja fan doazen underkommens om sa oandacht te freegjen foar bern dy gjin dak boppe de holle hawwe.  Yn de moane July sille  bern fan ferskate tsjerken ùt Wergea sa  de nacht troch bringe om oandacht te freegjen en ùt solidariteitsgefoel foar de bern ùt Midden-Amerika.

Tegearre diele. Wat hâld dat yn foar ùs hjoeddeis?” freget de foargonger.

In frommeske flùstert my ta , “Ik ha noch foar twa wike in ynkommen. Ik bin ûntslein nei in hernia operaasje en myn kontrakt is nèt ferlinge. Ik kin gjin ùtkering krije om dat ik in eigen hûs ha. Mar ferkeapje dyn hûs mar es tsjintwurdich.” Hja sjocht nei de bern dy oan it bouwen binne en tinkt der it harres fan.

Dochs wie it goed om dit fanne moarn mei elkoar te dielen yn it ljocht fan Lukas 9: 11-17.

Op de achtergrûn bâlte lûd  de kij…

Diele mei:

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien