7.7 prosint

troch Posted on 4 Comments 1 min read 542 views


Binne wy gelokkich?”

Er is ûndersiik dien ûnder de Nederlanders oer lokkich wezen. En 7.7 prosint fan de befolking seit dat hy gelokkich is.

Hja hawwe betrouwen yn it regear en hawwe in protte kontakten. It hat my oan it tinken set. As jo de media leauwe moatte dan is er altiid in protte argewaasje oer overheid, ynkommens en maatskiplike tastânnen.

It hat my fernuvere. Ik hie de yndruk dat in hiel soart minsken hun nèt gelokkich fielden. Mar dat blykt dus nèt sa te wêzen. De fraach is fansels; wèr hat dat undersiik pleats fûn? En by wat foar groepearrings? Giet it allinne om maatskippelik as èk it geastlik wolbefinen? 

Ik ha my sels èk de fraach stelt; Bist sto wol gelokkich?” Ik moat sizze op it stuit wol mar it binne momentopnames. Achternei besjoen bin ik faaks gelokkich west mar beseffe it net. Te drok, te gysten, te healwiis, nèt stil stean by wat ik hie. 

Ik ha my foarnommen om bewuster te libjen en it gelok nèt yn de wei te stean. 

It moat tsien prosint wurde.

Print Friendly, PDF & Email
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
Abonnearje
Notify of
guest
4 Comments
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments
Soan D.

Us gelok hjit ‘tefredenens’ en dat binne allegaerre lytse mominten. Ien grut geloksgefoel besteat net.
 

Soan D.

Da’s dan wol wer fyn om te hearen. 

Mar ‘t is herkinbaar. Absoluut. 

Friduwih

Tankewol foar dit stikje! Ik haw my itselde ôffrege. It CBS hat it ûndersyk yn 2015 opnij dien. Mar op de manier sa’t hja it dogge kinne jo der net efter komme oft minsken gelokkich binne. Inkeld of minsken net in al te grutte hekel hawwe oan de oerheid. It sifer 7,7 is dan reklame foar it regear. Mar oft jo en ik gelokkich binne en wêrom, dêr witte se neat fan.

Previous
Op `t skik

4
0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x
WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien