De Famylje

En no is hy ferstoarn

trochPosted on 2 Comments0min read387 views
Fan in hele leave neef hie ik in presintsje krige. Hiel orizjineel, in abonnemint op de bekendste krante fan Fryslân.

‘Do hâldst fan krantlêzen,’ sei hy altyd.

Koartlyn is hy ferstoarn en ik mis him. Somtiden kin min in persoan misse dy net sa nei by jo stiet en dochs deun genôch om de leechte as in soarte pine te ûnder gean.

‘Hy wie fan de ‘kâlde kant”, soe myn mem wol sizze. Mar doe ik him sa’n heale iuw foar it earst moete, klikte it daliks.

We ferstienen inoar sûnder ùtliz.

Der gong wol fyftich jier oerhinne. Hy gong foar syn wurk nei it bûtlân en ik krige in man, wer ik fan hold en in húshâlding mei stichte.

Oant ik him in skoft lyn wer moete. Der mocht dan wol fyftich jier tusken lizze mar it gefoel en it kontakt wie nea feroare.

En no is hy ferstoarn…

Eltse moarn lês ik de krante en tink oan him. Wat is echte freonskip dochs wat wurdich, betink ik my.

Freonskip en leafde se lizze deun by inoar…

Wilsferklearring

trochPosted on 4 Comments2min read275 views
Wat wol mem no?’ freget de soan, en hy wiist op in papier wat al dagen útdaagjend prominint op ‘e tafel leit.

It is in wilsferklearring dy ik ynfolje moat, en der skiet ik no al dagen tsjin oan. De doktersassistinte hat him brocht en dy moat ik no ynfolje.

Mar ik bin der noch lang net oan ta, bin noch te drok mei it libben. Mar De Wet hat sein dat elkenien san ien ûndertekenje moat, en as dy jinge wat oerkomt, dan wit de dokter wat hy dwaan moat.

In hartstikke goeie saak fansels, mar ik fyn it dreech hear…

Hoe wit ik no wat er yn de takomst mei my barre sil?
Krij ik in ûngelok en kom yn koma. as sil ik troch ien as oare rare kwaal siik wurde?

Ik ha myn beswieren oan de bern út lein, mar sy seagen it oars en litte it oan my sels oer. Ik kom ùt in generaasje wer dat net oan bar wie.

Myn heit sei: ‘As it myn tiid is, dan is it sa.’ Myn mem hie in oare eftergrûn, en joech it yn betrouwen oer oan har Skepper. Mar no binne de tiden oars, as it no safier is, dan helje se it papier op ‘e lappen en lêze wat de ferstoarne wolt hie.

It giet oars. Alles giet oars, mar dat is de tiid en sa moat it ek, As it mar mei begryp en respekt barre mei…

Hast tafallich in pinne by de hân dy ‘t it docht?

Werom sjen (2)

trochPosted on 1 Comment1min read340 views
It is wer safier: in nij jier stiet 0p de libbensdoar te klopjen.

Ik wol net oan dat stomme gedoch -werom sjen- meidwaan. It jout ús neat, it jier is foarby, jo kinne er ommers neat oan feroarje en it is sûnde fan jo enerzjy.

En dochs dogge jo er oan mei… efteromsjen.

Somtiden wie it in feest mar somtiden ek om te gûlen. ‘Sa is it libben no ienkear, nimme sa as is.’ seit myn heit dan.

Mar wist dy man better? Soe hy alles naam hawwe?

It wiene oare tiden. Earmoede wie er oeral, min socht de gesellichheid byinoar. Ek ik ha yn myn libben tiden fan rykdom kinnen, mar ek fan ‘wa moat earst syn jild hawwe?’

Der wiene ek jierren fan gelok, mar ik wie jong en tocht dat it sa bleaun. Dat soks gewoan wie.

De tiid hat my no ynhelle en ik belibje no oare gelokkige tiden. Dy by myn âldens passe, sis mar. Ek dan kinne jo ek gelokkich wêze en tarre op it gelok fan eartiids.

‘Wat kin ik foar jimme dwaan?’ freegje ik myn soannen. Ik wol net sokken stopje as breidzje, dy tiid is foarby. Ik moat mar efkes telebankierjen as nei myn webside sjen. Der moat nedich in nij stikje komme.

Want lokkige tiden binne yn oantocht.

Mem

Ha ik it goed dien, jonges?

trochPosted on 1 Comment1min read4850 views

Ha ik it goed dien as mem?’ frege ik de soan op in rêstich momint. Normaal freegit min dat net oan de bern, mar dochs woe ik dat wol es witte.

Op sommige mominten twivelje ik wol es oan mysels. Ik ha altyd myn best dien, mar it hong faaks fan de omstannichheden ôf en  hoe it sin wie.

Hy is de jongste fan de trije en net de maklikste. En dochs liken wy fan aard op inoar, as it ús net noaske dan lei it altyd oan in oar.

Myn man begrypt it wol, hy kin my al sa lang.

De twadde soan is oars fan aard, hy ferwurket alles by him sels.

‘Wat seist er fan?’ sis ik dan nei in  lange perioade fan stilte. Hy sjocht my oan en seit ‘Wat frege Mem ek alwer?’

Ik moat neitinke… wat frége ik al wer?

Mar de leafde tusken ús trijen is dúdlik merkber. Maklik? Né, mar de leafde hat altyd de boppetoan.

Ha ik it goed dien, jonges?

By de tiid bliuwe

want de tiid haldt gjin skoft

trochPosted on 5 Comments0min read1846 views

By de tiid bliuwe.’ seit myn soan en sjocht my twingend oan.

Ik bin net de jongste mear en ha oeral útlis by nedich. En dan fiel jo je somtiden in bytsje stom. Mar ik lit my net kenne fansels.

Mar ik kom er mei myn arguminten, hoe goed ik de ek formulearre ha, net foarwei.

‘Jonge,’ sis ik dan, ‘dyn mem is al âld, alles is fersliten en net yn te ruiljen.’

‘Mem stelt har oan.’ seit ien soan, ‘Mem kin mear as sy tinkt.’

En sa komt er, foar dat ik it yn ‘e gaten ha, in ûnbidige telefyzje oan ‘e muorre.

Ek it robúste skilderij fan Piet van der Hem en Ids Wiersma’s etsen moatte romte meitsje.

De stuollen moatte fansels allegearre wer fersetten wurde want Netflix easket dat.

‘Mem moat in nije telefoan ha.’ seit in oare soan. ‘Myn âlde docht it dochs noch goed.’ sis ik.

Twa dagen letter, yn in prachtich doaske, bringt de besteller de bestelde telefoan. ‘Dit is de nijste smartphone.’ seit hy, ‘Dy kin alles behalve kofje sette.’

‘Wat kost dat no?’ freegje ik, sunich dat ik bin, want ik bin ommers opwaakse mei de fingers op de knip. Goeie doelen en sa kinne best wat jild krije, en ek de bern hoege net nei de itensbank. Mar fjirder…

Nei in protte obstakels en nachten wekker lizzen jou ik my oer, gjin ferset mear mar genietsje fan de nije tiid.

‘Tankje wol, jonges. Nim mij net kwea ôf, in mem dy út in oare tiid komt. Ha wat geduld mei har,’

De telefoan giet. Hoe set ik him ek alwer út?

By de tiid bliuwe. It falt net mei.

Jierdei yn beheindens

trochPosted on 2 Comments0min read1034 views

Op myn jierdei, wer ik neat fan ferwachte hie, mochten mar trije minsken komme. No, dy wiene dy wike al west, dat ik hoegde gjin djoere Oranjekoeke te bestellen.

Ek de sliterij koe ik foarby ride, de drankoargels en dy thús nea sêd krije bleaune thús.

Myn broer en syn frou, dat wist ik, dy komme al salang as sij libje. Mar oare gasten hie ik net op rekkene. De measten sieten yn karantêne.

Mar geande wei waard de rûnte grutter en grutter. ‘Oardel meter! rop ik tusken de buorrel en it gebak troch. Mar nimmen ferstiet my net mear.

It petear giet oer it gefaar fan de besmetting. We binne it hielendal mei inoar iens; ôfstân hâlde, en sa krûpe wy geande wei tichter tsjin inoar oan.

It wurdt letter en letter en de sfear is goed. Wy binne it mei minister de Jonge iens, gjin feestjes, dat is te nuodlik mar san jierdei oan hûs moat dochs kinne?

En ik gean noch mar es mei in drankje lâns. It wie geselliger as eartiids do alles mocht en koe is min algemien fan miening.

Hja komme ien foar ien by my lâns en jouwe my in triuw mei de earmtakke.

‘Betanke hear!’ sis ik mei it moet fol en jou gjin tút. No ja, in lytske  dan…

Tige tank, minsken!

Nea ferwachte mar in  hiel soart werom krige.

It wie in jierdei yn beheindens. 😊

Optimistysk bliuwe…

trochPosted on 1 Comment1min read1006 views
Foto troch Snowscat fan Unsplash
Hy soe er rûn kofjetiid wêze.

Ier en betiid fan bêd ôf, fansels. Einliks al yn de nacht oan it skarreljen. Want sa bin jo as mem. Hâldt hy no fan reade wyn as rosé? Bier net, dat wit ik noch wol. In pear gebakjes kocht en ik bin er klear foar.

Mar it wurdt letter en letter en gjin soan te sjen. ‘Kom mar wat letter.’ ha ik noch sein; ‘It is hartstikke glêd.’

De telefoan giet. Hy seit: ‘Ik mocht er net yn want mem hie fane wike al ien op besite hân. D’r mei mar ien besyker iene wike komme.’

Hy is wer nei hûs gong. Ik ha de Oranjekoeke yn de djipfries dien en de wyn yn de goatstien lege.

Ien minske mei op besite komme, mar wa? Hoe moatte wy dat no hawwe? We hawwe twa soannen…

Rinne wy no net mear emosjoneel skea op dan troch it firus? freegje ik my ôf.

Oant nije wike, hear. Jimme moatte ûnderling mar útfjochtsje wa komme mei as wa net. As it mar ien persoan is.’

Optimistysk bliuwe. Wa sei dat ek wer?

Mei de tiid mei gean

trochPosted on 3 Comments2min read1408 views
Foto troch Mateusz Dach fan Pexels
San dikke tsjien jier ferlyn kaam de soan thùs mei in kado. ‘Foar mem,’ sei er en sette in grutte doaze midden op tafel.

‘Wer is dat foar?’ sei ik, ‘ik bin net iens jierdei.’

‘Pak mar ùt.’  sei er.

Nei dat de tafel beseit wie mei wiete boltsjes skûm komt er in grut skerm tefoarskyn. 

‘Wat no?’  frege ik ferbjustere, ‘Wat moat ik dermei?’

‘Hiest tefolle jild yn ‘e bûse ?’ sei syn heit noch.

‘Mem moat oan ‘e kompjûter. It is no tiid en net ùtstelle want dan is it te let.’

Djip under yndruk en en oertsjûge fan myn eigen unkunde waard de kompjûter oansletten.

Derop folge tiden fan machteleazens en lilkens. ‘Werom snap ik dat no net?’ fersuchte ik dan en woe him yn de grize container smite.

As ik stadich oan it in kromke troch krige hoe as it wurke, dan wie der wol wat oars wat it net die.

‘En no Telebankierje.’ sei de soan op in dei, 

‘Ach né, wol?’ sei ik deabenauwd, ‘Dat komt op de kop ferkeard.’

‘Nuchter neitinke, goed lèze en gewoan dwaan wat it apparaat seit.’  sei de soan wer. Ek dat krige ik under de knibbel.

En no, safolle jier letter, tank sy in trochsetterige soan, kin ik er net mear sûnder. Wa kin dat sizze op myn âldens ? 

‘Mei de tiid mei gean, Mem, jo binne nea te let om te learen. 

Tankje wol soan …

Steryl

trochPosted on 1 Comment1min read1254 views

De safolste brief falt yn de brievebus. 

De direksje libbet tige mei. Soene se ek in mem as in heit, pake as beppe, yn in âlderein hawwe? It klinkt hiel meilibjend mar ha se wol underfining?

De rigels sille wol folgens it RIVM strikt opfolge wurde. Mar soene dy lju fan it RIVM ek famylje yn in tehûs hawwe?

Dat freegje ik my wol es ôf. 

Der spilet him der hiel wat ôf yn dy tehûzen wert hja gjin idee fan hawwe. Ien persoan mei op besite komme en fan ôf nije wike twa minsken op oere en tiid. 

De soan is west, hy mocht in oere bliuwe. Mei momkapke en in skelk foar komt er yn ‘e hûs. Fremd sjogge wy mekoar oan. Is dit him wol?  Is dit net de soan fan de buorlju?   

‘Komst nije wike wer ?’ freegje ik him nei dat it oere foarby flein is. It momkapke giet wer ôf en de hânnen wurde wosken.

‘Dag Mem.’ seit er, ‘Oant nije wike.’  en lit my steryl achter. 

De rigels fan it RIVM…

Tweintich minuten

trochPosted on 1 Comment1min read1403 views

Sille wy moarnier efkes ofprate? Ik ha in keamerke besteld.’  seit er. 

Sunt in pear wike hat it âldereinhûs keamerkes makke, ôfskieden fan nijsgjirrigge lju.

Ik moat sizze, yn de earste ynstânsje like it my op fleanen. Pleksyglês mankeare de wanden. In telefoan stiet rè sadat min mei de famylje bûten kommunisearje kin. En dan mei min tweintich minuten prate.

Wat ûnwennich mei de situaasje skarrelje ik de romte yn, in desynfiktearjend fleske mei in doekje stiet klear. Moat min no earst desynfiktearje? As moat min it no op it ein dwaan? Ik doch it mar allebeide dan wurdt in oar net besmet .

De soan hat syn plak al ynnaam, ik gean tsjinoer him sitten.

En wert wy oars net oer stinne moatte wy no tweintich minuten tsjin elkoar prate. Earst mar oer it waar, en dan oer syn wurk, betink ik my. Tuskentroch freget er; ‘Hoe foldocht it, mem?’ 

‘Best,’ sis ik, ‘it iten en drinken mankearret neat oan, se dogge hja best.’

Mar er is ien ding dat untbrekt; frijheid!

De tweintich minuten binne om, de folgende besiker stiet alwer klear. We lizze beide in hân op it pleksyglês en sjogge mekoar oan…

Tweintich minuten…