D’r is meer…

Groede

trochPosted on 1min read1306 views

roasHjoed is foar ùs in dei om te betinken.

Elts jier wer is it foar ùs in drege dei en dat sil salang bliuwe as wy te libjen hawwe. Wy steane er net allinnich by stil mar ûndergean it wer fan minùt oant minùt. De pine en de ûnmacht oer wat ùs oerkaam is.

Samar yn ienen wie hy der net mear.

Nei in achterom sjen,  swaaie en “Oant moarn!” wie it lêste wat  er tusken ùs sein is. Net mear ôfskie nimme net mear in tùt en: “Dag, Mem!“.

Dat allegearre is nò alwer fyf jier allyn. Foar ùs is it juster bard en alles belibje wy wer opnij.

Hjoed sil ik nei him ta en sizze dat wy him noch osa misse. It is in groede wurden dy hieltyd opnij iepen gean sil.

Samar troch in hertoanfal kaam er in ein oan dit libben en wy … wy  sitte mei de groeden dy nèt heelje wolle.

30 April 1960- 2009 †.  In dei in jier dy nea foarby sil gean.

Serene stilte

trochPosted on 0 Comments1min read1148 views

sinneIt is sneintemoarn. Dea stil is it om my hinne. Ier en betiid bin ik troch it fûgelfolk wekker makke.

Om fjouwer oere begjinne se al warber te wurden. De âlde lju wurde aktyf want al dat lytse guod moat fuorre wurde. Bûten it getsjirp om is er in woldiediche stilte.

Ik sit te mimerjen wylts ik om my hinne sjoch. It is de moaiste tiid fan `e dei. Jo kinne jo tinzen mar gean litte en hoeche jo nearne om te bekroadzjen. In hoane wurd wekker mar it lûde keakeljen hat gjin gefolch by it hinnefolk.

In jongfeint dy al in setsje sûnder wurk siet sei es tsjin my; “De moaiste tiid foar my is de sneintemoarn.

Hoe sa?” frege ik; “Dan bin ik net allinnich dy wurkleas is, dan binne se it allegearre.” It er net by hearren, dat lei him heech.

De serene stilte wurd ferskuort troch it lieden fan de Roomske toer. Efkes letter begjint it kariljon deuntsjes te spyljen.

Krebintich gean ik oerein. It hat wer goed west foar in hiele wike lang.

Ferlitten

trochPosted on 0 Comments1min read1015 views

Untitled-1Wêrom fiel ik my ferlitten?

It is wer safier: de lju om my hinne wurde unrêstich. Se wolle op reis en wolle fuort. Se hawwe genoch fan hun wurk en de minsken om hun hinne.

De oerbuorman hat syn caravan ùt de berging helle en foar ùs glêzen set. Oan de oare kant fan ùs wurd de optearcaravan ùt probeare . “Nije wike gean ik in pear wike nei Kroatië.” seit de soan.

Ùs mem wie yn de bouwfakânsje jierdei en dat wie net bêst fansels. Se tocht dat se de ienichste op de wrâld wie dy oerbleun. Wy foene it mar oanstellerij. Oandacht lûke. Op ùs gefoelens ynspylje.

En nò bin ik sèls sa.

Wat is dat dochs dat minsken in oare omjouwing nedich hawwe? Der komt in ferlitten gefoel oer my.

Unopsetlik moat ik tinke oan de tûzenden flechtelingen dy yn ùs lân feiligens sykje en alles achterlitte moatte. Hoe ferlitten moatte sy hun wol net fiele?

Ferlitten? Ik moat my skamje ta de teannen ùt.

Nachtlik besyk

trochPosted on 1 Comment1min read1170 views

BrrDe doar jout in pieperich gelûd. Fremd, dat docht hy noait yn ‘e nacht.

Ik sit by de tafel en kin net sliepe. Dat komt tsjintwurdich faker foar. Ik fyn it net slim; woldiedich is de stilte om my hinne. Myn holle is fol mei prakkesaasjes oer juster. Oer dei opslaan en ‘s nachts oer nei tinke, dat befalt my goed.

Mar dizze nacht is oars: ik bin net allinnich. Njonken en tsjin oer my giet ien sitten. Yn it ljocht fan de strjitlantearne sjoch ik de manlju sitten.

Wat dogge jimme hjirre?” freegje ik.

Wy moatte frijwilligenswurk dwaan.” fan de oerheid; “We koene kieze foar oerdei as de nacht. We ha keazen foar de nacht.”

Befalt it wat?” freegje ik“Hiel goed en it wurd ek noch goed betelle. Boppedat, jo komme noch es ergens. It jout ferdivedaasje.”

“Is hjir ek noch wat foar jimme gading by? freegje ik. Se sjogge om hun hinne yn it ljocht fan de bûslantearne.

“Ik ha `t al sjoen. seit de lytse; “In wyld hynder kin hjir mar raak ramaaie.” Se stappe op. Ik hear de doar piepjen en de stilde falt as in tekken om my hinne.

De oare moans steane er kopkes op tafel. Ik sjoch om my hinne: alles stiet er noch.

Unbegryp

trochPosted on 3 Comments1min read1196 views

Untitled-1Gesellich de allesbaander oan en oerâl steane kearsen. De trije hûnen ha de waarmte fan de kachel opsocht. Twa katten ha it hegeropsocht, de oare trije fine it bûten nofliker. Gerrit, de pony, leunt tsjin de hikke oan en fernuvert him mei in baal hea. De beide Hingelbûkbargen gnoarje yn de fierte.

Gesellich.” tink ik en skow wat tichter by de kachel. It it is wol maityd mar dochs noch huverich.  

Se is hjoed jierdei, tegearre sitte wy oan de kofje en de Oranjekoeke. It petear giet oer deistiche beslommerings.

 Mar dan ynienen wurd de sfear oas.

It praat komt op de nije suvelyndustry dy yn oanbouw is; twa Fryske en ien Sjineeske. “Dat levert wol tûzend banen op!” sis ik entûsjast.

Mar ynienen barst se los; “Dat gaat ten koste van dieren en de natuur.” ropt se; “Neem nou die boeren. Die willen nog meer vee, meer stallen, groter en groter moet het allemaal. En waar moet die mest heen? Ze zitten nu al met enorme overschotten.

“Mar it jout wol wurkgelegenheid. Dat is goed foar Fryslân.” besykje ik noch. We wurde it net iens. Sy hâldt op it wolwêzen fan bist en natûr. En ik sjoch nei ùs ekonomyske belangen.

En sa gean wy ùtelkoar. Spitich dat it sa rûn is.

Unbegryp. We hawwe beide gelyk. Tink ik.

Unyke gearwurking

trochPosted on 0 Comments1min read1269 views

samenwerkenDe Meniste tsjerke sil in yngripende ferbouwing ûndergean. It is in gebou ùt de 17 de ieu en is nedich oan restauraasjen ta. It dak is min en de grûn is fersakke.

Der binne ferskate aksjes op touw set. Mei rommelmerken, boekeferkeap en konserten is er in fiks bedrach byelkoar skrabbe. Nèt te ferjitten mei help fan de ferskate sponsoren en ynstellingen.

En no is it safier; de oannimmer kin begjinne.

Troch de baptistengemeente ‘Pniel‘ is sa lang de ferbouwing duorret ûnderdak ferskaffe. Al in pear jier binne der kontakten west. Fan beide kanten is er respekt en begryp foar elkoars leauwen en grûnbeginsels.

In unyke gearwurking tusken Menisten en Baptisten. Moat dochs kinne?

pniel

Nieuwsuur

trochPosted on 3 Comments1min read1243 views

Untitled-1Ik bin ferkâlden en fiel my heal. Noch mar efkes nei Nieuwsuur sjen en dan op bed.

Mar ik bliuw hingjen. In boeiende reportaazje oer selsdeading hâld my yn ‘e besnijing.

It giet oer twa froulju dy noch net sa âld fan jierren binne. De iene is eartiids ferkrêft en dat hat har fierdere libben ontwrichte. Hja is manyskdepressyf wurden. De oare frou hat har hiele libben wraksele mei har bestean en wol der ek in ein oan meitsje.

De earste frou kriget it nei lang sykjen klear dat in dokter har helpe wol. Yn it bywêzen fan de dochter kriget se de ynjeksje. De oare frou springt fertwivele fan de heechste flat ôf.

It yngripende ferhaal fan dizze beide froulje hâld my dwaande. Selsdeading hat er altiid al west. Eartiids wie dat troch fersûpen, ophingjen as foar de trein springe. It wie mar krekt wer as hja wennen.

Goed dat it hjoeddedei besprekber wurden is. Mar wisânsje moat it noait wurde fansels.

Nieuwsuur. It wie in ymposante reportaazje. Allinne nèt foar de nacht.

[jwplayer config=”Nieuwsuur” mediaid=”11548″]

Ûtsjoering fan Nieuwsuur. Tige tank.

Trije Keningen

trochPosted on 0 Comments1min read1007 views

Untitled-1Mei in karre fol lege flessen besykje ik by de container te kommen. Bergen krystbeamen lizze hjir en der ferspraat oer de wei. Grutte en lytse, se lizze allegearre troch elkoar.

Wylts ik by de bulte stean te sjen komt in âld mantsje by my stean. Der is noch gjin earmoede, hè?” seit er en knikt nei de bulte beamen.

Miskyn binne der wol minder as ferline jier.” sis ik. “Wol nè. seit er; “Se wurde yn it tsjuster hjir del kwakt. Dan binne se der mar fan ôf.” Skodholjend rint er fierder.

Yn ienen sjoch ik wat glinsterjen tusken it grien. Underoan sjoch ik in heal ôftuge beam lizzen. De pyk is heal ôfbrutsen. Mar dan sjoch ik werom  ik wat glinsterjen seach; it is ingel fertize yn de tûken. Ik wrakselje my der troch hinne en lûk mei alle macht de beam er ûnder ùt. Wa smyt nò san beam fuort? Ik wrot him op ‘e karre en mei in protte geheister stiet er achter yn ‘e tùn.

De ingel wurd behimmelje en komt by syn maten yn ‘e doaze . 

Soe der dan dochs mear wêze tusken Ingels en Keningen? It is ommers 6 jannewaris ?

Folle Lok en Seine

trochPosted on 17 Comments1min read4005 views

fr376Alle lêzers, harkers en kritikasters wol ik fan herte betankje foar de oandacht dy sy bestege hawwe yn it ôfrûne jier foar Tiden hawweTiden.

Ik wit wol; it wie net altiid folslein. It iene stikje hie mear ynhâld dan de oare. Myn memmetaal wie net altiid perfekt, ek wiene der flaters .

Mar foar mysels hat it in ùtlitklep west.

Wille, fertriet, somstiden argewaasje koe ik er yn kwyt. It iten hat wol es oanbaarnd west, de waskkoer oan de kop ta fol en de breatromp leech. It gong myn oare helte wol es wat oer de hege skuon.

Mar somstiden moast it perfoast dalik barre sei in stimme djip yn my. “Dit is myn lêste!” ha ik hûnderd kear roppen; “De boarne is leech.” “Dat kin mem dochs net litte.” ropt it thùsfront.

It measte hat my deugd dien, de reaksjes fan Friezen om ùtens. In Burgumer hat al tritich jier yn Ohio wenne en fynt it nijskjirich. “It hat wat fan thùs.” seit er. 

It sil in kear ophâlde, dat is fêst, mar wannear? 

Folle Lok en Seine en dat is oprjocht miend.

Krystfolders

trochPosted on 0 Comments1min read934 views

Naamloos-1Protten krystfolders wurde troch de brievebus skowd. It binne net mear fan dy flatsjes papier mar boekwurken wurden.

Je soene se yn de boekekast sette as it romans wiene, dan wiene se net te beteljen. De iene is noch moaier as de oare.

BN-ers ferhelje wiidweidich oer hun plannen mei de krystdagen. Faaks ha se it noch oer eartiids hoe it by heit en mem wie. Mar dy tiid leit fier achter hun. En as se sukses hawwe geane se nei Dubai. Sùd-Afrika is ek yntrek foaral as pylgrimreis nei it berteplak fan Mandela

Ik bledderje yn de krystmagazins want oars kin min it net neame. Sascha de Boer, Ilse de Lange, Winston Gerschtanowitz en mear fan dy lju sille sels it krystdiner fersoargje. Ik bledderje fierder. It iene sjocht er al smaakfoller ùt as de oare.

Ynienen falt myn each op in folder fan de itensbank, hja ha fan alles nedich. 

Ik lis de de folders by it âldpapier. De skoalle is er bliid mei.

Op ien nei