Oliver

It is in âld mantsje“, seit de bistedokter. Ùs Olly stiet triljend mei de stut tusken de poaten op de ûndersiiktafel. Mei syn  grauwe  fingers knypt de fèarts yn Olly syn lyts bealchje. Ik ha mei it bist te dwaan. “Moast er sa yn myn  lichem omknypt wurre“, betink ik my. Dat sil net noflik weze.

Dan kryt hy in grutte spuit yn syn rech, ik krimp yn elkoar as krige ik sels dat ding in myn rech. “Hy hat focht efter de longen“, seit de dokter “… en derom moat hy sa hoastje. Drinkt en pisset hy in soart?“, freget er. “Ja”, siz ik mar dat doch ik ek mar ik hoastje net. De man sjocht my net begripend oan en tinkt er it sines fan. Ik moat sizze, ùs leave sefte Olly, hat it net op him stean.  Hy snauwt en grauwt nei de man wer ik yn syn omstânnichheden best yn komme kin.  Wy moatte lâns de kassa en dan begryp pas wer dy hûn him sa lilk om makke.

Net om dy spuit as om it knipen mar de rekkening stiet him net oan.

Ik moat mar in bybaantsje siikje. Skjinmakster yn in bistedokterspraktyk…


One Comment on “Oliver

  1. Pingback: Fyftich euro | Wolkom op Wokke's Plak

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien