Samler
Ik bin in samler. Net fan aaidoppen, teepôtten as jiskebakken mar fan it dregere wurk. Ik garje dakpannen. "Wêrom dakpannen?" sille jimme sizze. Ik rûn es oer de Dracht en der waard in âld winkelpand sloopt. In grutte container stie midden op 'e dyk en alles waard der…
Advintsferhaal
"Wolst in advintsferhaal fertelle?" frege it bestjûr fan de frouljusferieniging. De Advintsjûn komt er wer oan en dat giet al jierren sa. Foar de pauze in Nederlândsk ferhaal en dernei in Fryske. En dat mei ik jier yn en jier ùt dwaan. Se moatte koart wêze fan ynhâld hawwe…
De beam
"Wolst dit beamke ek ha?" freget myn suster; "Hy is te grut wurden foar ùs balkon." Sa dwaande kaam de beam by ùs yn de tùn te stean. Ik wit net wat it wie mar it klikke daalks tusken ùs. Fan doe ôf oan pasten wy in bytsje op elkoar. As yn de…
Flechtigens en driuwerij
Ik skriuw in stikje foar tidenhawwetiden.nl oer flechtigens en driuwerij. Mei in protte ynspanning meitsje ik myn stikjes, somstiden wurde se lêzen en soms net. Flechtich is alles wurden. Ien dei yn it nijs en dan is it skiednis. Grutte rampen meitsje yndruk en binne oer in skofke wer fergetten. Wat…
Groede
Hjoed is foar ùs in dei om te betinken. Elts jier wer is it foar ùs in drege dei en dat sil salang bliuwe as wy te libjen hawwe. Wy steane er net allinnich by stil mar ûndergean it wer fan minùt oant minùt. De pine en de…