Jierwiksel 2010-2011 In Gedicht Fan Fedde Schurer

Sit net yn noed.

Sit net yn noed, wat sill`wy ite of drinke

hoe komt it mei de hier en mei de klean?

Jim moatte net te folle yn `t foar betinke

hâld it mar op in soargeleas bestean.

In libben fol fan kramp en takomstnoeden

kin him dochs nea yn folle fleur ûntjaan

dy bangens komt it lichem net te`n goede

it moat in minske skea en ôfbrek dwaan.

Kom, `t hat gjin doel al yn it foar te kriten

mei soarchlik stinnen komt men ek net klear.

It libben is fan mear belang as `t iten

en klean is moai, mar `t lichem sels is mear.

De fûgels wrotte har de lea net stikken

en wa fan jimme hat sa`n fleurich lot?

hja fine altyd wol wat om te pikken

en ite tankber ùt de hân fan God.

De pinksterblommen bloeie er samar hinne

hja skrippe net en ha gjin swierrichheit

en siz no sels oft hja moaier binne

as Salomo yn al syn hearlikheit?

Tiis net oer dingen dy`t noch stean te kommen

en oer de dei fan moarn, dy `t nimmen ken;

God soarget foar de fûgels en de blommen

en soe er noch net nei jimme sjen?

Jim moatte net jimmer yn è soargen sitte

net altyd freegje; wer giet dit op ta?

Sa dogge heidens dy `t net better witte-

De Hear sjocht wier wol wat jim nedich ha.

Dus jimme, sykje `t earst fan alle dingen

Gods keninkryk en syn gerjochtichheit-

om al it oare hoeg`jim net te twingen

LÊS EK:  Grutsk mei, fansels

dat wurdt der jim op tajûn fan jimme heit.

De frees foar moarn ûntnimt jim hjoed de frede

en`t jowt jim neat, jim klachten binne om doch;

lear libjen by de dei op Gods genede

en moarn fan `t selde; ien dei is krekt genôch.

Fedde Schurer


Hy is myn favorite  Fryske dichter en dit syn moaiste wurk.

>