Ierdbeving

klokTroch donderjend geweld wurd ik wekker. Myn earste gedachte is in ierdbeving is dy hjir nò ek al?

Ik sjoch nei myn man mar dy leit noch op it selde plak wer`t hy lizzen gong is. Ik flean nei underen ta en sykje om ‘e hûn. Wer is dat bist dochs ? Triljend en mei ferwyldere eagen sjoch ik him under de tafel lizzen. Dea benauwd foar swierwaar hat er dekking socht.

Ik sjoch dat de tafel mei de tillevysje ferskoot is. Dan sjoch ik dat de klok fan de muorre fallen is. De Zaanske klok dy ik erft ha fan in leave muoike. Mei barsten geweld is hy mei syn swiere wichten op de grûn del kaam. Deun by de tillevysje lâns, op it stopkoptact fan de Nuon.

Ik gean earst nei de hûn en lis him ùt wat er bard is. “It wie gjin tonger en gjin flûrwurk, hear.” sis ik tsjin him. Ik kry in slik en hy jout him wer del. 

Nei in drip naaimasineoalje tikket de klok fjirder as hie hy nea op de grûn lein. Mar de hûn giet noch altyd mei in bocht om him hinne.

Under Atlas mei de ierdbol op syn holle stiet yn fergulde letters:

“Nu elck syn sin” 

Nò, dat wit ik sa noch nèt…

Diele mei:

4 Comments on “Ierdbeving

    • Grou en omkriten ha se ierdskokken troch gaswinning, dus tocht ik dat is hjir no ek al sa.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien