In dak boppe de holle

troch Posted on 3 Comments 1 min read 141 views

Naamloos-1Wylts it lân oeral mei aksjes dwaande is foar help oan de Filepijnen hingje ik fûgelhokjes op. Yn in grutte bistewinkel kaam ik in nijsgjirrich hokje tsjin mei in grien dakje der boppe.

Meist noch wol ien helje.” seit er; “Dat liket sa iel. En sa koste it my fjouwer ritten nei de winkel

Mar no is it klear. Se hingje neist elkoar op ‘e râne fan it sket. Al gau rint it stoarm want yn elk hokje sit in pot nùtsjesmoar. Mar ek yn ‘e fûgelwrâld binne rangen en stânnen. Earst de Blokfinken en dan de Mosken dy geduldich op ôfstân wachtsje.

Wylts ik dwaande bin fiel ik my skuldich; it rûn noch al wat yn ‘e papieren. Hie ik it jild net better bestege kennen oan de minsken op de Filepijnen?

Hja moatte ommers needsakelyk in wente ha mei in dak boppe de holle. En ik meitsje my drok om fûgels dy oeral foer krije kinne. Sawol minske as bist hat in dak boppe de holle nedich, betink ik my.

In dak tsjin de sinne, in dak om te skûljen, in dak om leaf te hawwen

002-2

  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  

Jou in reaksje:

  Abonnearje  
Nijste Âldste
Notify of
Elske
Guest
Elske

Dit ferhaal docht my tinke oan ús leave beppe. Moarns foar it brea iten siet se al oer it fjild te sjen. Se wist krekt hokker fûgels nei elkoar kamen by it húske. Tink der mar om, sei se, sa daliks komt dat en dat fûgeltsje as dizze fuort giet. En ja, hear, dat wie ek sa. Of se prottelde as in fûgeltsje in oar fûgeltsje fuort jeide. Se wist ek altyd as earste wêr de katsjes al yn de bloei wiene. Ik ha nea heard dat oaren ek fûgeltsje flap mei har beppe diene. Mei in doaze mei in… Lês mear »

Elske
Guest
Elske

It libben is gjin Sinteklaasfeest, mar freugde yn it libben en lichtens op syn tiid hearre ek by ús.

Binne se der al wer, it sil kâlder wurde? Hjir noch de ealjebijen yn de klimop, de fûgels yn de beien en de winterjasmyn bloeit wer prachtich giel.

Previous
It dûnsereske

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien