It dûnsereske

dunseres“Kinst ek wat opskowe?” sis ik brimstich en draai my noch ris om. Mar se bliuwt mar triuwen en as ik my net oan it bed fêst hâlden hie, hie ik op ‘e grûn lein.

Lilk gean ik oerrein en sjoch ferheard om my hinne. Myn man seit kribbich; “Is er wat?

Nè,” sis ik; “ik dreamde oer in dûnsereske.” mar hy is al lang wer yn dreamelân. 

Sêft op bleate fuotten gean ik nei ûnderen. Ik nim in stoel en gean lyk foar it skilderij sitten. It is deastil om ùs hinne. Allinne it rûzjen fan de wyn is op de eftergrûn.

Ôfrûne simmer ha ik nei in skilderijententoanstelling west fan Anke van der Meer. Eiglik is hja portretskilder mar weaget har ek wol es oan stillibbens. Nei dat ik de rûmte besjoen hie foel myn each op it dûnsereske dat heal yn tsjuster hong. Ik bliuw stokstiif stean; “Dy wol ik hawwe.” nim ik my foar.

Hoe wie it? freget er. “Ien  skilderij sprong er ùt.” sis ik.  “Dan keapest dy dochs?” seit er mei ien each yn ‘e krante. 

Hjoed koe ik har ophelje. Se hat in moai plakje krige.

“Dûnsje do mar,” sis ik; “en doch it ljocht ùt …

DSCN0075-bewerkt

2 Comments on “It dûnsereske

  1. Maar zo te zien is ze wel uitgedansd.

    Alle schilderijen die daar hangen zijn mooi, alleen het gebouw zegt me niets. Maar de anderen zijn ook fascinerend. Herken ik de twee heren als een zoon van je?

    • Het gebouw is het gemeentehuis Crackstate van Heerenveen. Het is een ets van Frits Klein.Twee schilderijen van onze zoon. En een schilderij van de Hooibrug Haskerdijken waar hij brugwachter was. Het schilderij met de blauwe stoeltjes is van de Amsterdamse School schilder onbekend. Maar het geeft mij in blij gevoel op sommige momenten. Alles bij elkaar gehangen.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien