Lokkich nijjier en folle seine!’, ‘Noflike krystdagen!’, ‘Prettige kerstdagen en een heel gelukkig nieuwjaar!’ ropt myn buorfrou oer de hage.
De winsken binne dizze dagen net fan’e loft.
Ik wit wol; it wurdt mei goeie bedoelings dien. ‘Mar is it wol miend?‘ tink ik faaks. By guon minsken net mar der binne grif wol dy it wol goed miene. We gunne elk syn gelok, mar it moat net oerdreaun wurde fansels.
En dan de krystkaarten. Al hoewol yn in protte gefallen de kompjûter dat al oernaam hat. ‘Ik stjoer gjin krystkaarten.’ sis ik elk jier wer. Mar dan moat ik lang om let dochs nei de winkel, oars wurdt it sneu!
Goedkunde fan ús hat kanker en is útbehannele. Wat foar lokwinsk stjoer ik him?
In buorfamke is al in pear jier wurkleas. Wat sis ik tsjin har? Se griist fan frijwilligers wurk. ‘Jo telle net mear mei.’ seit se.
In buorfrou fierder op hat krekt har man ferlern. Wat is myn winsk foar har?
Lokwinsken? ‘In earm, in tute en in lústerjend ear is al genôch.’ tink ik.
Ik krij it noch drok…
Folle lok en sa, us memmeminske! En ek foar us Deit, naturlik 😉
‘t Is hjir al net oars, hear. Kriist is in frjemde tiid. Werom minsken no wat tawinskje wat jo harren oare dagen ek tawinskje?
Bin it boek Gais fan Dick Witte oan it lêzen. Se hat hiel wat meimakke, mar is der net ûndertroch gong. Miskien moatte we wol wat mear diele wer we mei sitte, mar ek in grapke op syn tiid.
Iedere week wensen mensen je ook al een goed weekend.
En iedere dag een fijne dag.
Maar die kerst en nieuwjaarswensen maken dat je nog eens na moet denken over wat je de persoon toewenst.
Jouw luisterend oor is vast en zeker een heel mooi gebaar.
Onlangs voelde ik me niet lekker door pijn in beide heupen en niet zoveel kunnend, bedacht ik me wat sommige mensen in een ziekenhuis of ziekbed in het algemeen, nu juist zo hard nodig hebben: afleiding, niet steeds hoeven praten over je ziekte of klachten, maar iets lichtvoetigs, iets algemeens, niet hoe mooi de natuur is want dat vond ik pijnlijk. Maar een nieuwe uitvinding, of een lekke band. Maar dat schrijf je natuurlijk niet op een kerstkaart.
Appeltsje, wennen wy mar tichter by elkoar dan kaam ik es by dy, as wie it mar op in fyts mei kusjebânnen. Dan koene wy alles der ùt smite wer`t wy op dat stuit mei omtôgje en eindigje ûnder de tafel fan it leitsjen. It is wol wat oan è lètte kant mar hjirby stjûr ik dy in pakje yn in moai sulver papierke { ik ha it earder brûkt want ik smyt neat foart } mei in prachtich lint {ek brûkt} er om. Ast it hifkest dan is it hiel licht mar dingen fan wearde binne altyd licht. Pak it mar ùt dan silst ferskate lytse pakjes fine . De lêste sil ik ferklapje der sit betrouwen yn. Smyt it net foart want do kinst it noch es nedich hawwe foar in oaren ien. Ûnder yn de doaze leit de humor dy moat foarâl net by it âld papier dy ha wy nedich dat is ùs soerstof dêrtroch kinne we gûle en laitsje.
Ast alles ùtpakt hast en de brot oprêdden dat er glimke om dyn mûle komme mei.
Memmeminske.
Memmeminske,
waar haal je dat nu allemaal vandaan! Ik word bijna (ja bijna, want ik hou me graag groot) overmand door emoties. Zo’n mooi pakje heb ik in mijn hele leven nog niet gehad. Ìk zal er zuinig op zijn.
En inderdaad er zit een heel breed glimke om myn mûle 🙂
Dankjewel.
Vandaag word ik weer in de rolstoel uitgelaten en dan zal ik nog even fantaseren over hoe wij zouden fietsen met lekke banden 🙂
As sto no rôljend as stroffeljend troch it libben gieste , do hast talinten brûk dy. In hiel soart minsken ha dy net .Sjoch mar es om dy hinne. Wat is no wichtiger , ik wit it wol !
Dank je voor je bemoedigende woorden. Je bent er erg bedreven in.
Hopelijk kan ik over een maandje weer gewoon 50 meter lopen, maar met 25 ben ik ook al tevreden.
Sukses, yn gedachten sil ik mei dy rinne..
Dag Elske, ik hoop dat je het een mooi boek vindt. Vriendelijke groet, dick witte