Folle Lok en Seine

fr376Alle lêzers, harkers en kritikasters wol ik fan herte betankje foar de oandacht dy sy bestege hawwe yn it ôfrûne jier foar Tiden hawweTiden.

Ik wit wol; it wie net altiid folslein. It iene stikje hie mear ynhâld dan de oare. Myn memmetaal wie net altiid perfekt, ek wiene der flaters .

Mar foar mysels hat it in ùtlitklep west.

Wille, fertriet, somstiden argewaasje koe ik er yn kwyt. It iten hat wol es oanbaarnd west, de waskkoer oan de kop ta fol en de breatromp leech. It gong myn oare helte wol es wat oer de hege skuon.

Mar somstiden moast it perfoast dalik barre sei in stimme djip yn my. "Dit is myn lêste!" ha ik hûnderd kear roppen; "De boarne is leech." "Dat kin mem dochs net litte." ropt it thùsfront.

It measte hat my deugd dien, de reaksjes fan Friezen om ùtens. In Burgumer hat al tritich jier yn Ohio wenne en fynt it nijskjirich. "It hat wat fan thùs." seit er. 

It sil in kear ophâlde, dat is fêst, mar wannear? 

Folle Lok en Seine en dat is oprjocht miend.

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest

17 Comments
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments
Hendrika

Veel gezondheid en geluk in het nieuwe jaar. En schrijf nog maar lekker door, ik lees de verhalen maar al te graag!

babbelegoegje

ja Wokke, ik kin oprjocht sizze, dat ik gjin stikje oerslein ha. Ik lés se ek mar wat graach en, se binne ek faak sa werkenber. Dus foaral trochgean, en ik hoopje dus, noch hiel lang. Ik winskje dy en dyn famylje hiele noflinke, smoute krystdagen ta.

Elske

In goed Krystfeest tawinske en dat der ek yn it nije jier altyd romte is yn it hert foar it moaie yn it libben, wat der ek bard.

Elske

In hiele noflike twadde krystdei tawinske!

babbelegoegje

Wokke, werom moat ik no ynienen oan Akke Ratsma tinke? Kinst dy noch? 🙂

babbelegoegje

Haha, ik snap it hielendal.

Elske

It kommintaar op myn arretjescake wie ek wer in opstekker: Oei, is dy ferbrând?

Elske

Sa'n cake hoechst moai net te bakken. Hy moat in nacht yn de koelkast. En ja, it "dus do hast him sa kocht" ha ik ek al heard. De smoor ha ik der yn.

gédé

Wokke, myn (wurk) krystdagen binne foarby flein, ite tusken de bedriuwen troch wie it mar osa gesellich;-)))!

Hoe dan ek, in goede jierwiksel en in fruchtber skriuwersjier tawinske, want ik lês dyn stikjes mei in protte nocht!

17
0
Would love your thoughts, please comment.x