Libbensein

Naamloos-1Mem, jimme moatte fêst lizze as jimme reanimeard wurde wolle. Mar ek as jimme ungenêslik siik wurde. Moatte wy dan eutanasy tapasse? freget de soan. 

Ik moat efkes omskeakelje, ik bin oan it earpel skilen en dan tinke jo net oan de dea.  “Alles op papier sette hoe en wat jimme wolle.” seit er.  

Mar,” sis ik; “ìk wit noch net iens wat ùs boppe de holle hinget.” “Ne, mar as jimme in slimme kwaal krije as demint wurde. Dan witte wy wer `t wy oant ta binne.  

Dizze wike is sa mar ieniens in muoikesisser stoarn troch in hertoanfal yn âldens fan 50 jier. Twa oare goedkunde ha in ein meitsje litten oan in undraachlik lijen.

Ik wit it net. Ik wurd der fan yn ‘e bulten jage. Ik bin opbrocht mei it natuerlik ferstjerren. Mar ik kin my ek wol ynlibje hoe slim dat it somtiden wêze kin. Ik sil my ek net in oardiel oanmjitte. Elk moat dat mar  foar him sels ùtmeitsje.

Jonge, wy sille it er noch wol es oer hawwe as de tiid der ryp foar is.

De earpels binne yntusken oanbaarnd…

Diele mei:

One Comment on “Libbensein

  1. It is wol hiel fyn as je de om- en betinkingen mei elkoar beprate kinne, mar maklik is it net. Libben en dea binne mei elkoar ferbûn. It is net ienfâldich om hjir je wei yn te finen. Foar guon bern is it ek net maklik om hjir by har mem mei oan te kommen.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien