Friesland Food

“Het lijkt wel Friesland Food.” seit de toskedokter; “Er is slecht onderhoud gepleegd.” Ik ha in nije toskedokter, syn foargonger is mei pensjoen gien. “No,” sis ik; “jo foargonger hat jierren myn gebit ûnderhâlden. Ik wie altyd tige tefreden.” “Het vraagt om een groot onderhoudsbeurt.” giet hy fierder;  “Het lijkt wel op een fiets zonder [Lês mear »]

Kleur bekenne

“Kinne jo dizze kleurferve ek meitsje?” freegje ik de man fan de boumerk en hâld him in oranjereade bûsdoek foar. “Wer is it foar?” freget er. “We hawwe fjouwer betonblokken foar hûs krige en dy wol ik brûke as bank.” sis ik. “Ja, mar dat is oranje.” seit er. “Soene jo dat wol dwaan?” giet [Lês mear »]

‘Hoop Doet Leven’

Twa famkes gean nei skoalle. Sa as altiid dûnsjend lâns de berm springend op de touwen fan in skûtsje. Op dat skipke wenje in broer en in suster. Elke moarn giet, ta grutte argewaasje fan de bewenners, it skip gefaarlik hinne en wer. De brogge fleant troch it rom en de tee yn ‘e skurte. [Lês mear »]

Leare

Ach,  wat moat ik dochs noch in soart leare. Alle dagen kom ik dat tsjin. De technyk bygelyks; ik moat oerâl help by ha. En dat ferhip ik. Ik wol my sels rêdde kinne. Sa as fanne moarn; de ofwaskmesine dy it potte-en-panneark net mear goed skjin makke. Dan mar utinoar helje en alles wurd [Lês mear »]

Hoe no fierder?

Hoe no fierder? Nei al dy dagen fan oarlochsbetinkings en befrijingsfeesten bliuw ik mei in leech gefoel achter. Gefoelens dy oer elkoar hinne rôlje. Mei al dy ferhalen fan minsken dy de ferskriklikste dingen meimakke hawwe, moat ik de oare deis al wer oan `e Oranjekoeke en de Oranjebitter. Ik wit net hoe jimme der [Lês mear »]

Previntyf

Mei in helsk leven giet de doarbelle oer. Foar my stiet in grutte gespierde kleure man. Hy stekt syn hân nei my ùt en seit; “Ik ben Jan Jansen.” en lit syn ID kaartsje sjen. Hy laket my oan fan ear ta ear. Ik doch de doar in bytsje tichter, jo binne hjoeddedei wat hoedener [Lês mear »]

Peaske komt er oan

Peaske is foar my altiid wer it feest fan hoop en nij libben. De natûr ûntwrakselt him ùt de winterse klaaiing en docht de simmer pronk oan. De fûgels wrotte hun ùt de naden fan moarnsier oant jûns let om alles op ‘e tiid klear te krijen. It ljocht en it tsjuster hawwe rûzje oer [Lês mear »]

Ferbining

Al in hoartsje ha ik reboelje mei it ynternet en altyd as ik it neetsaaklik brûke moat. “Wost efkes op `e bank sjen?” freget myn man. Nei dat hy eachkrupsje krige hat, hat hy my weiwiis makke op it ynternet barren. Nei in protte earmoedzjen en eameljen fan myn kant krige ik it ûnder ‘e knibbel. En [Lês mear »]

Selfke

We sitte tegearre op `e bank, sy en ik. We sitte te genietsjen fan de iere moarnssinne. Wy kinne mekoar al jierren sis mar ùs libben lang. We sille mekoar altyd trou bliuwe want we hearre byelkoar. Want sy is my en ik bin har. Mar dochs lizze wy faaks yn unmin. It iene momint [Lês mear »]

>