Peaske komt er oan
Peaske is foar my altiid wer it feest fan hoop en nij libben.
De natûr ûntwrakselt him ùt de winterse klaaiing en docht de simmer pronk oan.
De fûgels wrotte hun ùt de naden fan moarnsier oant jûns let om alles op ‘e tiid klear te krijen.
It ljocht en it tsjuster hawwe rûzje oer waart de measte ûren kriget.
En ik sjoch tankber om my hinne it is en bliuwd altiid wer in wûnder.
It kin er yn `e wrâld noch sa mâl om ta gean dat de moed jo somstiden yn de skuon sakket.
Dochs wurd it wer maityd, sjoch mar om dy hinne… it is tiid foar in nij begjin.
Peaske komt er oan.
3.476
Ik moat yn dizze dagen ek tinke oan âlders waans bern is fermoarde.
Wat is dan de wearde fan: sizze hoe en wat der bard is, motiven, begryp, skuld, boete, hoopje, fergeving, genede, fersoening, fernijing, takomst?
Peaske de tiid fan hoop en ferwachting dat it oars kin.Goeie dagen tawinske!