Skriuwerij

scared“Wolsto yn ùs tsjerkeblêd skriuwe?” freget it frommeske; “Ien kear yn de moanne wurd it ùtjûn. En no ha wy tocht as redaksje der moat ek es wat deistiche teltsjes yn.

Jo oerfalle my hjir mei.” sis ik. Tink er mar es oernei.” giet se fierder; “Mar we wolle it wol rillegau witte.”

“Moast dwaan,” seit myn man; “dat is nijsgjirrich.”

Wosto mei ùs in web-side opsette? Dat kinst thùs dwaan. Der hoechst de doar net foar ùt.” seit in oare kunde.

Kinst sto ek wat foar my meitsje? Wy hawwe ynkoartens de jiergearkomste fan de frouljusferieneging.” freget myn skoansuster.

Ik begjin it benaud te krijen. Dat kin ik dochs nèt? Foar tsjerkeblêdden, websiden en gearkomsten moatte hja oare minsken hawwe. Ik bin mar in griemer, in knuzelder yn taal-en letterkunde. It sil noait literatuer fan de heechste boekeplanke wurde. Myn wurk sil noait yn de bliblioteek as yn de Afûkwinkel lizze.

Dus minsken fan redaksjes, websiden en frouljusferienegingen; jimme moatte dochs mar oars omsjen. Ik gean myn grutte leafde achternei, gewoan wat oan rommelje mei myn eigenmakke literatuer.

Diele mei:

4 Comments on “Skriuwerij

  1. Pingback: Skriuwerij | ensafh

  2. hast gelyk, gewoan troch grieme;-))))). ik genietsje osa fan dyn griemerijkes!!!!!Measten tiids mei in laits en somtiden mei (wat) djippere emoasjes.
    Groetnis en in goeie wike!

  3. ze zeggen dat Bert Schierbeek onder literatuur valt.
    Het is dan ook niet te lezen!
    dus euh… wat heb je aan literatuur. Doe maar een luchtig verhaaltje met soms een diepe ondertoon.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien