Oer mijsels

Myn winkel | ien

trochPosted on 3 Comments1min read1557 views

Ik ha in winkel  hân fan fakklean en frije tiids klean. It binne moaie mar heftiche jierren west.

Nearne ferstân fan en dan sa mar ynienen in saak driuwe. Troch omstânnichheden kaam it op myn paed.

En dat fereasket kwaliteiten dy je net fan je sels ea witten ha. Ik moat sizze, we hiene dizze winkel earder hân ûnder de selde namme.  En doe de klanten hearden dat ùs winkel wer iepen gong kamen sy allegearre werom.

En der ha ik fan profiteare, as ik it net wist sei ik gewoan; “Kin jo my ek helpe?” en dat wie in skot yn de roas. De minsken hiene mei my te dwaan, tink ik, en holpen my oan alle kanten.

De bân mei de klant hat altiid hiel goed west, bertes en ferstjerren waar ik altiid fan op ‘e hichte brocht. As min oandacht en earlike belangstelling foar it minske hat, komme se graach werom.

Mar der wiene ek oaren fansels. Dy sochten my te beneidieljen op minder fraaie wize.

Oer dizze intresante  mar spannende tiid sil ik jimme wol ris mear fertelle.

Myn winkel ien | twa | trije

Weitôge

trochPosted on 2 Comments1min read2252 views
Foto Emil Kalibradov | Pexels
SSneontemoarn, lekker betiid de stêd yn te boadskipjen. Prachtich waar, de sinne besiket troch de damp hinne te kommen.

Der rin ik yn de iere moarn, gjin mins te bekinnen. Ik tink by mysels: “Sa ûnbefongen en sereen moast it altyd wêze.”

Earst mar nei de Super, dan ha ik dat mar hân. En sa al rinnend meitsje ik myn plan.

De winkels gean stadich oan iepen, de rekken mei klean wurde op de stoepen set en it personiel groetet my freonlik. Se hope op in goeie omset.

Efkes by MS lâns as se ek wat aardichs foar my yn ‘e rekken ha. Nei in freonlik praatsje mei de ferkeapster gean ek wer fjirder.

Dan mar nei de nije moade saak, der slachje ik noch wol ris. Monter gean ik de winkel yn, lekker rêstich om efkes rûn te sneupen. Dan fal ik op in nyskjirrich pakje, passe en it is my tige nei it sin. Daliks mar ôfrekkenje, ik gryp nei de beurs mar net te finen.

Fuort is hy. Krekt werom hie ik him noch yn de hân. Panyk dus mar ik moat de kop derby hâlde. Wat no? Earst de klean te plak lizze en nei de saken werom wer ik west ha.

Dan nei de banken want alderearst moatte de pinkaartsjes blokkeard wurde. Wat in gedoch… ik sjoch hielendal net mear nei de opkommende sinne dy oan it wrakseljen is mei de moarns dauwe.

Dan nei it plysjeburo mar it plysjefrommeske sei: “Soks dogge wy net mear. Gjin tiid  mear foar. Jo moatte nei it gemeentehûs.”

Ik toffelje wurch en fertrietlik it hiele ein nei it gemeentehûs. Ik gean yn de lange rigele foar de baly stean en sjoch yn tinzen hoe de kriminelen ús bank plonderje.

Nei al myn hawwen en hâlden op it papier set te hawwen gean ik nei hûs ta. Myn man hat er lokkich alle begryp foar en seit: “It komt wol goed, famke.

Under it pankoek bakken giet de telefoan -de beurs, tink ik- mar it is myn suster. Ik leau dat ik net sa freonlik wie.

We sitte swijend te iten, allegearre ûnder yndruk fan myn aventoer. Yn ienen bliuw ik yn de lêste pankoek stykjen, de telefoan rattelet wer, en der is de beurs. In frommeske hat him fûn, yn bliid stean ik har te wurd.  Efkes letter gean wy mei in grutte bos blommen op in paad.

Yn myn betinken binne der noch hiel wat earlike minsken.