Plattelânsfroulju

froulje

“Ùs plattelânsfroulju wurd opheven.” seit in freondinne tsjin my; “Hja kinne gjin bestjoersleden mear krije.”

Ek it leden oantal  krimt de jongerein hat oare ynteressen.” seit se er triest efteroan.

Ik moast oan ùs mem tinke. Eartiids woe se ek graach by de plattelânsfroulju. By froulju dy se koe en se hiene ek noch in goed programma, fûn se.

Spitich, it gong net troch.

In muoike dy in oare eftergrûn hie rjochte yn har doarp in nije plattelânsferieniging op. Hja waard frege as foarsitster.

“Ik wol it dwaan.” sei se; “Mar under ien betinkst: elkenien moat lid wurde kinne. Gjin ferskaat yn rangen en stannen.”

Se krige in soart wjerstân. Der kaam by dat er yn dy tiid in protte tsjinstellingen wiene yn tsjerkelike eftergrûnen.

Myn skoanmem hat har libben lang lid west. Se learde de Ingelske taal en gong mei it selskip op reis.

Plattelânsfroulju, it hat in geweldige ynstelling west foar minsken dy hun untploaie woene. Mar wie yn it ferline net foar elkenien weilein.

Tiden hawwe tiden…

LÊS EK:  Freonskip
>