Ferbining

Naamloos-1Al in hoartsje ha ik reboelje mei it ynternet en altyd as ik it neetsaaklik brûke moat. Wost efkes op `e bank sjen?” freget myn man.

Nei dat hy eachkrupsje krige hat, hat hy my weiwiis makke op it ynternet barren. Nei in protte earmoedzjen en eameljen fan myn kant krige ik it ûnder ‘e knibbel. En nò kin ik er net mear sûnder mien ik.

Oanstellerij. seit myn freondinne; “Ik doch net oan sokke moderne fratsen en ik kom er ek.

“No ha ik mem sa faak in berjocht stjoerd. Wêrom antwurdet mem net?” seit de soan.

Ùtnoegingen foar fergaderingen komme net oer. It is wer tiid foar de belêstingynfullerij, de boekhâlder sil komme en dat moat tsjintwurdich fia de kompjûter.

Lang om let skilje ik UPC mar ik begryp neat fan wat dy jongfeint seit. Dan sels mar wer langùt op ‘e grûn, alle ferbiningen der ùt en der wer yn. In buorjonge helpt my ùteinlik ùt de brân en alles rint wer sa as it moat.

Alles yn it libben giet om ‘e ferbining. Ek tusken minsken underling.

As er steuring is moatte wy der wat oan dwaan en moatte somstiden op de knibbels om de ferbining wer goed te krijen.

Diele mei:

6 Comments on “Ferbining

  1. Ik fyn dat wol in bytsje suggestyf hear, us memmeminske; op ‘e knibbels om saken foar elkoar te krijen 😉

  2. Pingback: Blog Wokke de Ruiter: Ferbining | ensafh

  3. De buurjongen was ook op de knobbels om te ontdekken dat je nog een wachtwoord in moest vullen?

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien