Oer mijsels

Mediator

troch Posted on 5 Comments 1 min read 991 views

Untitled-2Ik ha in mediator nedich; wy hawwe in kwestje.

In skeel fan ynsicht tusken it lichem en de geast. Sy binne it wol faker net iens. De geast hat altyd plannen en it lichem giet er altyd tsjin yn.

De geast seit; " Hy is dwers." en it lichem seit; "Hy wit it altyd better." En altyd is er wol in striid te befjochtsjen tusken beide partijen. En ik stean der midden yn. It iene momint  jou ik de geast gelyk en dan wer it lichem.

Sa as fannemoarn: ik woe de tùnbank fervje. De geast sei; "Dat kinst sto bèst." mar it lichem sei; "Dat soe ik nèt dwaan. Do hast it ommers yn de rech?" 

Mar ik lùsterje net. Ik ha der fierstefolle nocht oan. En sa lit ik de beide tsiere.

Krûm gean ik de earste dagen troch it libben: de rech hat it ôfwitte litten. Mar it resultaat is er dan ek nei. Elts bliuwt stean. It is in eachlûker wurden ...

"Hie ik net gelyk?" seit de geast. It lichem snùft.

"Lichem en Geast moatte ien wêze."

Wa sei dat ek al wer?

DSCN0294-bewerkt

Ferslave!

troch Posted on 4 Comments 1 min read 978 views

ferslave"Dat is ferkeard spul." seit se en wiist nei it sigarettedoaske op `e tafel. Ta ferdideging sis ik; "Ik bin in gesellichheidssmoker."

In oarenien wiest nei in flesse wyn dy `t yn in âld wynrek stiet. "Fergif." seit se; "Der binne safolle oan kapot gong." en sjocht my ferwitend oan.

Wer in oaren komt as ik oan it spultsje dwaan bin op de kompjûter. "Dat is ferslaafjend, wist dat? Kinst better in goed boek lêze."

Ik bin es by my sels te ride gong en bin ta de konklùzje kaam dat ik oanliz ha foar ferslaving. Alles doch ik mei ynmoet sûnder er oer nei te tinken. Dei en nacht bin ik er dan mei dwaande. En mei dy selfde fellens lit ik it sa wer falle en ha wer in oare ferslaving.

Sa is it ek mei de leafde. As ik fan ien hâld dan wol ik myn libben wol jaan foar him ...

Soe dat fan thùs komme ? Ùs heit sei altiid; "As`t wat dochst doch it dan goed."

Wylts ik dit stikje skriuw gryp ik nei in pûdde Dûmkes. Soe ik help sykje moatte?

Mei de tiid mei

troch Posted on 1 Comment 1 min read 1025 views

Untitled-3"Mem moat in smartphone ha." seit de soan; "Der kin mem alles mei fotografearje,  sms-e  en noch folle mear. Allinnich net kofje sette." 

De oare seit; "Der docht se dochs neat mei. Dy komt yn 't laat te lizzen."

Myn man fynt it èk laarjekoek. "We kinne sa njonkelytsen hiel Afrika foarsjen fan mobyltsjes."

Mar omdat ik by bliuwe wol -want stil stean is deadelik- leit it ding foar my op `tafel. Mar hoe wurket soks nò ?

Gjin mins yn myn omkriten dy my helpe kin. Gebrûksoanwizingen yn alle talen lizze foar my. Dan mar siikje op de kompjûter. Ik kom er net ùt. De soan skilje dy mei einleas geduld ùtleit wat ik dwaan moat.

Wylts myn man mei syn nije gehoarapparaat oan it griemen is sit ik neist him mei it grutte platte ding. Beide hawwe it dreech mei de nije ùtfiningen fan dizze tiid.

"Mei de tiid mei." sis ik en sucht; "Ik hie jierren letter op 'e wrâld komme moatten ... "

Facebook

troch Posted on 1 Comment 1 min read 807 views

Untitled-1Ik sit troch de soanen op Facebook. Earst tige optsjin fansels want it is wat nijs wat ik net kin. En as min wat âlder wurd binne alle nije dingen dreech.

Dus sis ik; "Der doch ik net oan mei."

Mar de oandrang yn my is net te kearen. 'Dat wol ik èk witte.'  is grutter dus. En no bin ik net te hâlden.

Neven en nichten binne wer yn sicht. It doarp wer`t ik berne bin begjint foar my te libjen. En sa kom ik wer thus.

Ach, wat fyn ik Facebook nijskjirrich. Ik ha myn kar al makke. Geëamel slach ik oer mar wa echt wat te melden hat gean ik op yn.

Mar no wol ik in oare profielfoto ha. "Dat heard sa." sizze se.

Mar wélke? Ik sjoch my sa as ik bin en der is gjin portret fan.

Serene stilte

troch Posted on 0 Comments 1 min read 820 views

sinneIt is sneintemoarn. Dea stil is it om my hinne. Ier en betiid bin ik troch it fûgelfolk wekker makke.

Om fjouwer oere begjinne se al warber te wurden. De âlde lju wurde aktyf want al dat lytse guod moat fuorre wurde. Bûten it getsjirp om is er in woldiediche stilte.

Ik sit te mimerjen wylts ik om my hinne sjoch. It is de moaiste tiid fan `e dei. Jo kinne jo tinzen mar gean litte en hoeche jo nearne om te bekroadzjen. In hoane wurd wekker mar it lûde keakeljen hat gjin gefolch by it hinnefolk.

In jongfeint dy al in setsje sûnder wurk siet sei es tsjin my; "De moaiste tiid foar my is de sneintemoarn."

"Hoe sa?" frege ik; "Dan bin ik net allinnich dy wurkleas is, dan binne se it allegearre." It er net by hearren, dat lei him heech.

De serene stilte wurd ferskuort troch it lieden fan de Roomske toer. Efkes letter begjint it kariljon deuntsjes te spyljen.

Krebintich gean ik oerein. It hat wer goed west foar in hiele wike lang.

Europeeske ferkiezings

troch Posted on 0 Comments 1 min read 728 views

Untitled-1'Wol Mem foar my stimme?" freget de soan. "Op welke partij?" freegje ik.

Ik ha al in partij foar him yn `e holle. Mar it is in hiele oare wer `t ik it net mei iens bin. Mar ik ha myn wurd joen en dus ik sil stimme op in partij die my nèt leit.

"Wêr stimst sto op?" freegje ik myn man. Mar eiglik wit ik sa wol sûnder te freegjen. En der bin ik it al hielendal net mei iens. Ik hâld my wiislik stil. Wêrom sil jo heibel meitsje?

"Moarn stimme."sis ik tsjin in freondinne; "Welke partij liket dy it beste?"

"Fansels de bistepartij." seit se; "Hoe de bargen ferfiert wurde nei it bûtelân is skandalich. En dan noch dy plofhinnen, dat is dochs ferskrikkelik?"

En ik dan? Ik slaan it oer. Ik ha der gjin belang mear by.

"Mar dan moast net eamelje oer Europa syn hannel en wannel." seit de man. Dus gean ik. Mar wer moat ik op stimme?

Ik hâld fan minsken, fan bisten en ha myn prinsipes; welke partij hat dat allegearre?

Stimme sil ik. Mar wer op?

Nachtlik besyk

troch Posted on 1 Comment 1 min read 830 views

BrrDe doar jout in pieperich gelûd. Fremd, dat docht hy noait yn 'e nacht.

Ik sit by de tafel en kin net sliepe. Dat komt tsjintwurdich faker foar. Ik fyn it net slim; woldiedich is de stilte om my hinne. Myn holle is fol mei prakkesaasjes oer juster. Oer dei opslaan en 's nachts oer nei tinke, dat befalt my goed.

Mar dizze nacht is oars: ik bin net allinnich. Njonken en tsjin oer my giet ien sitten. Yn it ljocht fan de strjitlantearne sjoch ik de manlju sitten.

"Wat dogge jimme hjirre?" freegje ik.

"Wy moatte frijwilligenswurk dwaan." fan de oerheid; "We koene kieze foar oerdei as de nacht. We ha keazen foar de nacht."

"Befalt it wat?" freegje ik"Hiel goed en it wurd ek noch goed betelle. Boppedat, jo komme noch es ergens. It jout ferdivedaasje."

"Is hjir ek noch wat foar jimme gading by?" freegje ik. Se sjogge om hun hinne yn it ljocht fan de bûslantearne.

"Ik ha `t al sjoen." seit de lytse; "In wyld hynder kin hjir mar raak ramaaie." Se stappe op. Ik hear de doar piepjen en de stilde falt as in tekken om my hinne.

De oare moans steane er kopkes op tafel. Ik sjoch om my hinne: alles stiet er noch.

Betinke en Fiere

troch Posted on 2 Comments 1 min read 1034 views
Verzetsraam
Betinkraam yn de N.H. tsjerke te Aldeboarn

Elts jier komt it wêrom. Fjouwer Maaie, de flagge healstok en fjouwerentweintich oeren letter wappert er wer fol ùt.

Ik ha der altyd wat muoite mei hân. Dat komt miskyn dat ik der by west ha as bern.

De marsjerende ferpaupere Dùtsers dy net mear songen, wat ik altyd sa moai fûn. De brêgen dy yn ùs doarp ferniele waarden. De minsken dy yn in aparte stimming wiene. De iene wie deabenauwd en de oare wie yn in jûchhei stimming.

En der skarrele ik tusken troch. Wat fansels strang ferbean wie. Mar wa bleun no thùs as it sa spannend waard?

De oare deis rollen de tanks mei de befrijers troch it doarp. In soldaat hise my op de tank en sa riid ik keninklik troch de grutte kliber minsken. Mei bebloede fuotten kaam ik thus. De klompen mei de kramme kappen wiene weiwurden.

Ùs heit wie yn alle steaten want syn dochter kaam thus mei sloffen sigaretten en foar ùs allegearre sûkelarje.

Betinke en Fiere. Ik sil it beide mei ynmoed dwaan.

Sosjale media

troch Posted on 0 Comments 1 min read 863 views

Untitled-2Ik lis op 'e knibbels foar it tùnhekje. It moat nedich yn 'e ferve. Mar om dat in in ferfelend kluske is stel ik it mar ùt. En om dat ik leart ha "Stel niet uit tot morgen wat gij heden doen kunt" as "Geale soe ik mar dy stoar earder" gean ik oan de slach.

Foar dat jo oan `e gong geane is it in hiel gedoch. Earst om geskikt ark ùt en as is it safier is begjint it te reinen. Bliid ta mar no skynt de sinne, ik ha gjin eksûs mear. De earste latsjes sitte yn de ferve. It sjit moai op.

"Ha jo wol de goeie kleur?" freget de buorman fan skean oer. "Hoe sa?" sis ik en rek efkes myn lea"No, it is in oare kleur as dy `t er op sit."

Nei noch in pear latsjes komt de buorman dy in ùtkearing hat. "Ha jo it wol yn de grûnferve setten?"

In frou lit har hûn ùt en begjin in praatsje. Wylts docht de hûn de poat omheech, hy mei it wol lije. It is skimerich wurden en myn rech seit; "Doch it sels mar."

"Kin ik jo helpe?" freget de wurkleaze. De buorman fan skeanoer fynt it mar neat.

De hûn komt lâns, docht syn poat omheech en ik wiuw werom.

Stekje

Skimerjûn

troch Posted on 1 Comment 1 min read 863 views

MesmerizingYn it healtsjuster sit ik achter yn de tùn. It is deastil om my hinne. Sa no en dan besiket in fûgel noch in bêd en brochje te finen foar de nacht.

Witte jimme wol dat it moaiste momint fan `e dei de skimerjûn is?

Jo hearre gelûden dy jo oerdei net hearre. De minske hat him deljûn en de lêste kroechrinners besykje hielkrêftich thus te kommen.

Ik ha wat mei skimerjen.

By myn pake en beppe gong it ljocht net earder oan as it tsjuster waard. En as wy sa byelkoar siten dan kamen de ferhalen oer eartiids. Ik koe er net genoch fan krije.

Sa as myn pake en beppe yn hun jonge jierren te dûnsjen gongen op `e Ûlesprong. En dan yn de neare nacht mei in pontsje oer moasten en de wâl net mear fine koenen.

Al die ferhalen sloech ik op yn it boek fan it ûnthâld. En nò, nei safolle jierren, begjinne se wer te libjen. Ik bin wêrom yn de tiid.

"Komst yn `e hûs?" ropt er. Skril fal ik wêrom yn in hiele, hiele oare ieu.