‘Hoop Doet Leven’

hoopdoetlevenTwa famkes gean nei skoalle. Sa as altiid dûnsjend lâns de berm springend op de touwen fan in skûtsje. Op dat skipke wenje in broer en in suster.

Elke moarn giet, ta grutte argewaasje fan de bewenners, it skip gefaarlik hinne en wer. De brogge fleant troch it rom en de tee yn ‘e skurte.

Op in dei stiet de plysje by de doar en drige; as it noch ien kear bard moatte jimme nei de finzenis.

Oan ‘t ik op de webside fan myn doarp in foto tsjin kaam fan it skûtsje ‘Hoop Doet Leven‘ ùt myn berne jierren. Der waard frege wa de namme wist fan it skip en dy fan de eigner.

Myn broer wist it noch en sa begong it baltsje te rôljen.

Mei help fan in doarpsgenoat en ynternet komme we der achter dat it in skùtsje wie ùt it jier 1900. Yn 1926 kocht troch Lolke Vleeshouwer, folle jierren letter ferkocht is oan Yngelân en der no tsjinst docht as rekreaasjeskip .

En noch hjit it ‘Hoop Doet Leven‘ under de namme Vleeshouwer. En dat skûtsje faart hjoededei noch troch de kanalen fan Yngelân. Miskien wol mei Friezen om utens 

Dat moasten dy broer en suster noch es witte moatte.  Hja hawwe sels nea it doarp ùt west.

‘Hoop Doet Leven’

[Klik plaatsje foar grut]

Drie Gebroeders

Drie Gebroeders

Hoop Doet Leven

Hoop Doet Leven

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien