Previntyf

kaien1Mei in helsk leven giet de doarbelle oer. Foar my stiet in grutte gespierde kleure man. Hy stekt syn hân nei my ùt en seit; “Ik ben Jan Jansen.” en lit syn ID kaartsje sjen.

Hy laket my oan fan ear ta ear. Ik doch de doar in bytsje tichter, jo binne hjoeddedei wat hoedener wurden.

Nei dat ik myn hân wêrom krige ha seit er: “Ik ben inbreker geweest en heb jaren in de bak gezeten. Ik heb mijn schuld afbetaald en mijn les geleerd. En nu stel ik mijn jaren lange ervaring in dienst van de gemeente.

“Bent u goed beveiligd?” freget er.

Ja,” sis ik, wis fan my sels; “we hawwe der alles oan dien: flitslampen oan `e gevel foar en achter en kettings oan `e binnenkant fan de doaren.

“En dit dan?” seit er triomfantlik en hâldt in bosk kaaien omheech; “Die had U in de deur laten zitten toen u de hond uit liet.”

Dus jo binne by ùs yn hûs west.” sis ik grimmitich.

“Ik wil alleen maar laten zien wat inbrekers kunnen doen. Geen sleutels meer in de deuren laten zitten.”

“Komt U vanavond ook  in het wijkgebouw?” seit er; “Daar ben ik de spreker.

Nei dat wy ôfskie nommen ha giet er fierder mei syn previntive wurk. As soe it in missy wêze kinne?

Diele mei:

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien