Corona

troch Posted on 2 Comments 2 min read 461 views

Follik! " ropt in man yn de doar. "Kom fierder." sis ik -tsjin better witten yn- want dat kin ommers hjoed-de-dei net mear.

It is myn nije buorman dy hjir krekt mei syn frou kaam is. Se binne tagelyk jierdei, hiene in sealtsje hiert en soene it grut fiere. Mar it giet net troch krekt as myn swemmen net troch giet.

It libben yn dit fersoargingstehûs is fan de iene op de oare dei ferstomme. Unwerklike situaasjes dogge him foar, de âlde minsken binne de regelmjittichheid fan de dei kwyt.

Se moetsje inoar noch wol mar steane in meter fan inoar ôf en kinne inoar net mear ferstean.

It foardiel fan dizze situaasje is; de minsken sykje inoar wer op. Se meitsje wer nije kontakten, somstiden ha se al hiel lang neist inoar wenne. 

Myn buorman hat ek op besite west en fertelde dat hy syn libbenlang boartsjebouwer west hie. En no it firus  taslein hat jout er it jild leaver oan de bern dan oan it firus, seit er.

In âld minske eartiids fan Amsterdam wol werom nei de Wallen; "Der is it firus net." seit se, "Dat binne oare." sis ik, saakkundich.

Wer in oarenien is de hiele dei oan it stofsûgerjen en tinkt sa it bist de baas te kinnen.

Sa kin in unsichtbere fijân alles yn it hûnderd jeie. "De lêste oorloch wie der neat by." sizze se; "Dan wisten jo waad de agressor wie."

Myn grutte bewûndering giet dizze dagen ùt nei it personiel, neat is har tefolle. Mei folle geduld en freonlikens geane se mei de bewenners om. 

Corona...

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest
2 Comments
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments

appelvrouw

Ik denk niet dat het te vergelijken is met oorlog. Vind jij wel?

Previous
Achthûndert

2
0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x