Leare

Naamloos-1Ach,  wat moat ik dochs noch in soart leare. Alle dagen kom ik dat tsjin. De technyk bygelyks; ik moat oerâl help by ha. En dat ferhip ik. Ik wol my sels rêdde kinne.

Sa as fanne moarn; de ofwaskmesine dy it potte-en-panneark net mear goed skjin makke. Dan mar utinoar helje en alles wurd op`e grûn ùtstalle. Earst de beide sefen, dernei de sproeiearmen. In  bulte smoargens komt er ùt.

Wylts ik dwaande bin moast ik oan eartiids tinke.

Oan it skûtelwaskjen, earst mei griene sjippe en doe mei in stik Lux. We songen der altyd by, myn suster de earste stimme en ik de twadde. Teminste wat er op like.

It hiele Fryske repertoire kaam foarby; ‘Rôlje, Rôlje, Wetterweagen‘, ‘It Feintsje fan Menaam‘, ‘It Fryske folksliet’ …  ensafierder. We eindigden altiid mei in geastlik liet mar dat gong ferlern by it leven fan de rotteljende potten en pannen.

Sa, einlik ha ik it ding skjin en set him ynelkoar mar ik hâld in underdiel oer. Hoe kin dat nò?

Ik moat mar wer mei de hân âfwaskje, dan sjong ik ek wer es …

One Comment on “Leare

  1. Ik zie het zo voor me met de afwasmachine 🙂
    Mijn kluswerk leek daar ook wel wat op, eens zette ik een ikeakast in elkaar, zaten de plankdraaggaten aan de buitenkant. Daar heb ik toen maar kleurpotloden in gestoken.
    Bedankt voor de tip van dat dummie klusboek, wist niet dat het bestond, ik ga het meteen kopen!

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien