Kleur bekenne

photo_2015-06-03_20-51-38-bewerktKinne jo dizze kleurferve ek meitsje?” freegje ik de man fan de boumerk en hâld him in oranjereade bûsdoek foar.

Wer is it foar?” freget er.

We hawwe fjouwer betonblokken foar hûs krige en dy wol ik brûke as bank.” sis ik.

“Ja, mar dat is oranje.” seit er. “Soene jo dat wol dwaan?” giet er fierder; “De wrâldkampioenskippen fuotbaljen binne foarby. En it tennisjen moat noch bliken dwaan as se kampioen wurd. Ik soe it noch net dwaan as ik jo wie.”

Mar ik bin jo net.” sis ik en hâld foet by stik.

Ynienen bin ik er ùt en wiis nei syn t-shirt; “Mei ik der in hoekje fan hawwe? Dat is krekt de kleur dy ik sykje. Dan ruilje wy gewoan; jo de bûsdoek en ik in lapke fan jo shirt.

Hij sjocht my wat nuveraerdich oan. Mar ja, de Klant is Kening. Der docht min alles foar is`t net wier? Sa sein, sa dien.

Hy ropt my noch nei; “Ik hoop dat er hjoed gjin mear fan sokke klanten komme. Dan ha ik jûn gjin klean mear oan ‘e hoed.

Ik lis it stik t-shirt op de stienen bank en helje de oare deis de goeie ferve. “Slagge, hear.” sis ik tsjin de boumerkman. We hawwe tegearre in blik fan ferstânhâlding.

Kleur bekenne. It moat fan beide kanten komme.

Diele mei:

One Comment on “Kleur bekenne

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien