De foarùtgong

Ik gean neist de man sitten. Ferfeeld sjocht hy om him hinne. Fierder op stean noch mear minsken te wachtsjen. Omdat yn it bankwêzen besunige wurd is er mar ien frommeske oanwêzich. Hja docht har best mar de measte lju hawwe djipgeande fragen en dat kost tiid. “Nuver,” seit de man neist my; “dizze strjitte [Lês mear »]

Foltôge libben

We sille sneon te middei byinoar komme. Ùs mem wol net mear fierder libje. Ik hie wol troch dat it slim mei har wie mar dat it sa wie, dat wist ik net.” seit se fertrietlik. Myn freondinne hat it er dreech mei. Hjoed-de-dei kin min it mei de dokter en de minsken om jo [Lês mear »]

Grouwens

Myn buorfrou komt efkes lâns. Docht se wol faker. It kin moarnsier as op `e neimiddei wêze. Yn `e fierte hear ik ha al oan kommen. Eltse sin wurdt bekrachtige mei in grouw wurd, faaks mei in flokwurd. Fersichtich ha ik har der al es op attindearre. In skofke gong it goed, mar do wie [Lês mear »]

Wer geane jimme hinne mei de Kryst?

Wer geane jimme hinne mei de Kryst?” freget it jonkje. Se sitte mei hun fjouweren op it skoalhek. Se ferfele hun in bytsje. “Wer geane jimme hinne mei de Kryst” seit it jonkje noch in kear. ‘It is no ùs mem har beurt.” giet er fierder; “Mar ik ha der gjin nocht oan. Ik mei dy frou net dy it [Lês mear »]

Lilk

Ik bin lilk. Ik sil jimme sizze wêrom. In ferpleechster dy ùs sa no en dan opsiket, sei; ‘Jo moatte sjen om in alarmknop foar jo man. Want as jo fuort binne en hy falt, dan kin hy op dy knop drukke.’ Sa sein, sa dien. Earst mar nei de hûsdokter skilje. ‘Dat wurdt dreech,’ [Lês mear »]

Dy is foar heity

It is de elfde fan de elfde, dat betsjut Sinte Marten. Wy sitte yn in buert wert in protte jonge gesinnen wenje. It kin jûn drok wurde. Mar wat kin ik dy bern jaan? Snobbersguod mei net mear. Dan noch mar efkes nei de super om mandarinen. De earste meldt him al betiid oan. Fjouwer [Lês mear »]

>