Beheind 2

Goeie!” hear ik sizzen.

Ik bin efkes nei de glêskontener west en op wei nei hûs.

Fierderop komt in jong feint my temjitte mei in unbidich lyts hûntsje oan in lange riem.

Ik moetsje him wol faker en dan prate we efkes oer it hûntsje wert hy ôfgryslik wiis mei is. It is dùdlik; de leafde komt fan beide kanten, sa te sjen.

Hy fertelt dat it syn bêste freon is. “Hy begrypt my.” seit er en streaket it bist oer de kop.

“Minsken sizze dat ik beheind bin. En dat is ek sa.” tink ik; “En dat begrypt Suske ek. Misskyn is sy ek wol beheind.”

“Wa seit datsto beheind bist?” sis ik.

“No, ferskate minsken dy er ferstân fan hawwe. Ik sit by begeliedend wenjen, dat hâld yn dat se wat op mij passe.” seit er.

“En hast it wat nei `t sin? Fielst dy in bytsje thùs?” freegje ik him.

“Ja,” seit er; “ik ha Suske ommers. Dy mei nachts ek by my sliepe.”

“Hast ek hobbys?” freegje ik him.

“Ik skilderje en ynkoartens ha ik in eksposysje yn de biblioteek. Komme jo ek? Ik moat no nei hûs.” seit er yn ienen hastich. “Oars wurde se ûngerêst.”

Ik ai Suske oer de kop en sis seft; “Pas goed op him. Hy hat dyn leafde nedich.”

Ik fiel my beheind …

Diele mei:

One Comment on “Beheind 2

  1. Pingback: Blog Wokke de Ruiter: Beheind 2 | ensafh

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien