Minsken

Wer wiene se....

trochPosted on 1 Comment1min read1086 views

"Wat wiene der in protte  minsken net?" seit se.

Se hie har man al jierren allyn ferlen mar hjoed is hy te hôf brocht op it tsjerkhôf fan syn bertedoarp.

Al in skoft fernaam se dat it net mear wie sa as it altyd west hie. Hy begryp  har net mear. Se hiene altyd mar in heal wurd nedich, somstiden in knypeachje.

Hja wiene ien fan geast, tochten oer ferskate dingen ferskillend. Mar dochs kamen se altyd wer byinoar. Hja hiene beide in hiele oare eftergrûn mar respektearren elkoar. Want se hâlden ommers fan inoar.

Hy kaam altyd foar har op en sy foar him, somstiden wiene se it net mei inoar iens.

Mar de lêste tiid kamen der wurden en argewaasjes. Sy fersette har der tsjin. Woe dat net, se hiene it dochs altyd goed hân?

Se begon de djipgeande petearen te mijen en hâld it by opperflakkich praat. De freonen bleuen wei, se waard iensum. En do kaam er unferwachts it ein.

"Wat wiene der in protte minsken net?" seit se.

"Mar wer wiene se do ik harren it hurdst nedich hie ...?

De foarùtgong

trochPosted on 1 Comment1min read1007 views

Ik gean neist de man sitten. Ferfeeld sjocht hy om him hinne. Fierder op stean noch mear minsken te wachtsjen.

Omdat yn it bankwêzen besunige wurd is er mar ien frommeske oanwêzich. Hja docht har best mar de measte lju hawwe djipgeande fragen en dat kost tiid.

"Nuver," seit de man neist my; "dizze strjitte stie net iens op myn TomTom. Is dit in nije strjitte?"

"Dy wie er al, fier foar dat jo en ik it deiljocht seagen." sis ik.

"We kinne better dizze bank oerfalle, dat giet al hurder." seit er.

Stadichoan begjint it petear ynhâld te krijen. Fan de ferkiezingen gean wy nei it wrâldbarren.

"It leit er hjoed-de-dei mar fremd hinne. Myn frou en ik binne bliid dat ùs bern folwoeksen binne en de doar ùt. Mei de drank en de drugs is it ek net alles as jo opgroeiende bern hawwe." seit er mei in sucht.

"Mar it is ek in fantastyske tiid." sis ik. Ik bin bliid dat ik dat noch meimeitsje mei. "Wy kinne ynternetbankiere, we hawwe telefyszje, jo je TomTom." Ik begjin op te somjen.

"No, der doch ik allegearre net oan mei." seit er; "Dat soart dingen lit ik oan myn frou oer."

"Komst efkes?" hear ik in frou roppen; "Do moast dyn hantekening sette."

"Ferjit aansen net jo TomTom oan te setten." rop ik him nei. De hân giet omheech.

De foarùtgong.

Beheind 2

trochPosted on 1 Comment0min read1020 views
Goeie!" hear ik sizzen.

Ik bin efkes nei de glêskontener west en op wei nei hûs.

Fierderop komt in jong feint my temjitte mei in unbidich lyts hûntsje oan in lange riem.

Ik moetsje him wol faker en dan prate we efkes oer it hûntsje wert hy ôfgryslik wiis mei is. It is dùdlik; de leafde komt fan beide kanten, sa te sjen.

Hy fertelt dat it syn bêste freon is. "Hy begrypt my." seit er en streaket it bist oer de kop.

"Minsken sizze dat ik beheind bin. En dat is ek sa." tink ik; "En dat begrypt Suske ek. Misskyn is sy ek wol beheind."

"Wa seit datsto beheind bist?" sis ik.

"No, ferskate minsken dy er ferstân fan hawwe. Ik sit by begeliedend wenjen, dat hâld yn dat se wat op mij passe." seit er.

"En hast it wat nei `t sin? Fielst dy in bytsje thùs?" freegje ik him.

"Ja," seit er; "ik ha Suske ommers. Dy mei nachts ek by my sliepe."

"Hast ek hobbys?" freegje ik him.

"Ik skilderje en ynkoartens ha ik in eksposysje yn de biblioteek. Komme jo ek? Ik moat no nei hûs." seit er yn ienen hastich. "Oars wurde se ûngerêst."

Ik ai Suske oer de kop en sis seft; "Pas goed op him. Hy hat dyn leafde nedich."

Ik fiel my beheind ...

Foltôge libben

trochPosted on 1 Comment1min read1256 views
Bron: Shut in - Flickr (Creative Commons)
We sille sneon te middei byinoar komme. Ùs mem wol net mear fierder libje. Ik hie wol troch dat it slim mei har wie mar dat it sa wie, dat wist ik net." seit se fertrietlik.

Myn freondinne hat it er dreech mei.

Hjoed-de-dei kin min it mei de dokter en de minsken om jo hinne oerlizze. It bliuwt dreech, leauw dat mar. It binne beslùten dy net werom te draaien binne.

Ik bin by in freon op besite. Hy hat nei seis jier kanker de striid op jûn. Wit hoefolle chemokueren hat hy undergien. Nei eltse kontrôle krige hy goeie berjochten. Hie hy wer hoop en siet er wer fol mei plannen.

Dan seach ik him wer sa as hy eartiids wie; in rizige kreaze fint mei in grut bosk hier. We hâlden hoop dochs moasten wy him okkerdeis loslitte.

'Wat is in foltôge libben'? freegje ik my ôf.

We kinne er allinnich mar mei respekt oer hawwe!

Foltôge libben.

Grouwens

trochPosted on 1 Comment1min read1053 views

Myn buorfrou komt efkes lâns. Docht se wol faker. It kin moarnsier as op `e neimiddei wêze.

Yn `e fierte hear ik ha al oan kommen. Eltse sin wurdt bekrachtige mei in grouw wurd, faaks mei in flokwurd.

Fersichtich ha ik har der al es op attindearre. In skofke gong it goed, mar do wie it wer raak.

"Gelske," sis ik; "wêrom flokst sto sa?"

"Doch ik dat?" seit se fernuvere. "Ja," sis ik; "hast sto befestiging nedich foar was sto seist?"

"Do bist kristelik, hè?" seit se; "Ik sil er rekken mei hâlde."

"Dat is it net allinnich." sis ik; "mar it hat ek mei noarms en wearden te krijen."

In pear dagen ha wy har net sjoen. 'Se hat it har oanlutsen', tink ik.

Nuveraardich mis ik har. Ha ik dochs tè rjochtstreeks west, freegje ik my ôf. It is in best minske, se stiet altyd foar elkenien klear.

Ik sit er oer yn. Soe it wol wer goed komme tusken ùs? Mar dan op in moarn hear ik ha al ùt de fierte oankommen, al flokkend op it winterske waar.

"Kom er mar gau yn." sis ik; "De kofje is brùn."

Grouwens.

Mankelikens

trochPosted on 1 Comment1min read1261 views

Ik stean foar `t rùt, er hinget in dikke mist. De strjitten lizze er ferlitten by. It is stil, de measte lju hawwe tusken de feestdagen frij naam.

Sokke dagen komt de bedriuwichheid let op gong. As it no de mist is as it ferlittende ùtsicht der oerfalt my in gefoel fan mankelikens.

'Wat is dat dochs?' freegje ik my sels ôf; 'Dat ik san hekel ha oan de dagen tusken Kryst en Âld & Nij? It binne lege dagen, sûnder betsjuttng.'

De krystbeam sjocht my ferwitend oan as ik him begjin ut te kleien. Ik praat tsjin him en liz ùt werom. "Omdat ik my sa fiel." sis ik; "Der past gjin oerdied fan ljocht by." 

Ik gean op `e grûn sitten om de lêste slingers dr ùt te plùzjen. Wylts de beam stadich oan untmantele wurd, geane myn tinzen werom.

Myn suster dy hommels weirekke en goekunde dy wy misse moasten. Ik wit wol: it wiene minsken fan âldens mar sommige litte in leech plak achter. Ùs hûn dy wy nei sântsjen jier mei in protte triennen bedobbe hawwe.

Ik sjoch nei bûten: de sinne wrakselet him in paad troch mist flarden hinne.

Ynienen tink ik; 'Dat moast sto dochs èk kinne.' en rjochtsje myn rêch ...

Mankelikens ...

Wer geane jimme hinne mei de Kryst?

trochPosted on 1 Comment1min read1048 views

Wer geane jimme hinne mei de Kryst?" freget it jonkje. Se sitte mei hun fjouweren op it skoalhek. Se ferfele hun in bytsje.

"Wer geane jimme hinne mei de Kryst" seit it jonkje noch in kear. 'It is no ùs mem har beurt." giet er fierder; "Mar ik ha der gjin nocht oan. Ik mei dy frou net dy it plak fan myn heit ynnaam hat." 

In oare jonge falt him by; "Ik moat nei myn heit en syn freon, net in rare fint hear, hy docht syn best om it my nei 't sin te meitsjen." 

De tredde jonge seit: "Wy sille meielkoar Kryst fiere en dan komme al dy bern ek fan dy oare lju."

"Mar," seit de fjirde jonge; "dat is dochs moai, safolle minsken. Ik bin allinnich mei myn mem. Mar wa komme er dan allegearre?" giet er fjirder; "En kinne se wat meielkoar opsjitte?" 

"Sokke dagen wol," seit er; "elts docht syn best om it gesellich te hawwen. Mar as ik by heit bin, dan moat ik oan ùs mem tinke."

"En ik oan ùs heit..." falt him ien by.

It is net sa maklik mear hjoed-de-dei. Eartyds hiene jo ien heit en ien mem. Dat gong ek net altyd goed mar dochs hoegden jo as bern net te kiezen.

Wer geane jimme hinne mei de Kryst?

It toatsje

trochPosted on 1 Comment0min read1096 views


tubJan Terlouw hat wat sein yn 'De Wereld Draait Door' by Matthijs van Nieuwkerk. En as Jan Terlouw wat seit, dan moat jo wol efkes ophâlde wert jo mei dwaande binne.

Mar dizze kear wie it oars; hy hie it no es net oer syn boeken mar oer de moraal fan hjoed-de-dei. Hy bedoelde er mei dat it fertrouwen yn de minske foart is.

Wy fertrouwe elkoar net mear.

As metafoar neamde hy it touwtsje ùt de brievebus fan eartiids. By ùs stie de efterdoar altyd iepen sa as by eltsenien  

Eltse jûn wurdt by ùs it thûnhek mei in swier slot ticht dien. Ek nei achten dogge wy de doar net mear iepen. Foar en achter hûs binne flits lampen kaam dy geregeld oan geane as ùs kat er lâns giet.

'Moat it no sa?' tink ik dan by mysels.

Ik langje wer nei de tiid fan do ik lyts wie. Do ùs mem it jild yn it flesserek by de dyk sette en Jeen it wiksel jild wêrom lei.

Wannear soe dat fertrouwen yn elkoar wêrom komme?

As binne dy tiden foargoed foarby?

Mar hoe de tiden ek feroarje meie, ik bliuw leauwen yn it toutsje. It toutsje dat minsken meielkoar ferbynt, wat foar kleur, ras as leauwen dan ek.

De psycholooch

trochPosted on 2 Comments0min read1019 views

getty_rf_photo_of_man_in_mri-bewerkt

We hawwe ofpraat mei in psycholooch yn it sikehûs. It is it lêste fan in soart as APK-undersiken. Ferskate besiten binne hjir oan foar ôf gien.

"As ik mar net yn san apparaat moat, dat is my de lêste kear min befâllen." seit myn man. "Hja fregen earst wat foar musyk ik hearre woe foar dat ik yn dat ding  gong. Doch it Fryske folksliet mar." sei ik; "dan kin ik tenminsen mei sjonge."

Efker letter seit er; "Dat ding hie san leven dat ik allinne it refrein heard ha."

In aardich jongfaam stiet ùs te wurd en bringt ùs nei de wachtkeamer. "Soe dat dy psycholooch wèze?" flùsteret er. "Nè jong," sis ik; "dit binne gastfroulju."

En sa sitte wy efkes letter foar de man dy alles wit fan Medyske Psychology. Wy krije in stevige hân. It falt my op dat er in Fryske efternamme hat. "Sille wy mar yn it Frysk konversearje?" freegje ik; "As it jo om it even is fansels?"
"Ja wis wol." seit er.

En hy ferhellet oer wert hy berne is en opwaakse yn Fryslân. En al gau is it ies tusken ùs brutsen. "Fremd is dat," tink ik by my sels; "dat min tichter by elkoar komt as jo de selde taal sprekke. As soe dat de taktyk fan in psycholooch wêze?"

"Hjir wol ik wol vaker hinne," sis ik; "wat in ynnimmende man."

"Giest allinnich mar," seit myn man; "ik doch leaver wat oars.".

Lilk

trochPosted on 1 Comment1min read1148 views

505264388
Ik bin lilk. Ik sil jimme sizze wêrom.

In ferpleechster dy ùs sa no en dan opsiket, sei; 'Jo moatte sjen om in alarmknop foar jo man. Want as jo fuort binne en hy falt, dan kin hy op dy knop drukke.'

Sa sein, sa dien. Earst mar nei de hûsdokter skilje. 'Dat wurdt dreech,' seit de assistinte; 'de fersekering fan jo man is net sa noflik.'

En ja hear... in skofke letter skillet it frommiske fan de fersekering. Ik moast 'wat mear de doar ùt', ik wie 'net lang genoch fan hûs' seit se.

Do frege se as wy ek thùssoarch hiene en as dat net sa wie, dan wie it ek net needsaaklik.

'Ja mar,' sis ik; 'de oerheid wol dochs dat de âlderein sa lang mooglik thùs bliuwe ? Werom dan net mei in pear oanpassingen? Is ek noch folle goedkeaper.'

Soene wy net mei inoar massaal de alarmknop brûke moatte?

It giet my fier boppe de pet ....

Lilk.