De foarùtgong

Ik gean neist de man sitten. Ferfeeld sjocht hy om him hinne. Fierder op stean noch mear minsken te wachtsjen.

Omdat yn it bankwêzen besunige wurd is er mar ien frommeske oanwêzich. Hja docht har best mar de measte lju hawwe djipgeande fragen en dat kost tiid.

“Nuver,” seit de man neist my; “dizze strjitte stie net iens op myn TomTom. Is dit in nije strjitte?”

“Dy wie er al, fier foar dat jo en ik it deiljocht seagen.” sis ik.

“We kinne better dizze bank oerfalle, dat giet al hurder.” seit er.

Stadichoan begjint it petear ynhâld te krijen. Fan de ferkiezingen gean wy nei it wrâldbarren.

“It leit er hjoed-de-dei mar fremd hinne. Myn frou en ik binne bliid dat ùs bern folwoeksen binne en de doar ùt. Mei de drank en de drugs is it ek net alles as jo opgroeiende bern hawwe.” seit er mei in sucht.

“Mar it is ek in fantastyske tiid.” sis ik. Ik bin bliid dat ik dat noch meimeitsje mei. “Wy kinne ynternetbankiere, we hawwe telefyszje, jo je TomTom.” Ik begjin op te somjen.

“No, der doch ik allegearre net oan mei.” seit er; “Dat soart dingen lit ik oan myn frou oer.”

“Komst efkes?” hear ik in frou roppen; “Do moast dyn hantekening sette.”

“Ferjit aansen net jo TomTom oan te setten.” rop ik him nei. De hân giet omheech.

De foarùtgong.

Diele mei:

One Comment on “De foarùtgong

  1. Pingback: Blog Wokke de Ruiter: De foarútgong | ensafh

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien