Foltôge libben

trochPosted on 1 Comment1min read1288 views
Bron: Shut in – Flickr (Creative Commons)
We sille sneon te middei byinoar komme. Ùs mem wol net mear fierder libje. Ik hie wol troch dat it slim mei har wie mar dat it sa wie, dat wist ik net.” seit se fertrietlik.

Myn freondinne hat it er dreech mei.

Hjoed-de-dei kin min it mei de dokter en de minsken om jo hinne oerlizze. It bliuwt dreech, leauw dat mar. It binne beslùten dy net werom te draaien binne.

Ik bin by in freon op besite. Hy hat nei seis jier kanker de striid op jûn. Wit hoefolle chemokueren hat hy undergien. Nei eltse kontrôle krige hy goeie berjochten. Hie hy wer hoop en siet er wer fol mei plannen.

Dan seach ik him wer sa as hy eartiids wie; in rizige kreaze fint mei in grut bosk hier. We hâlden hoop dochs moasten wy him okkerdeis loslitte.

‘Wat is in foltôge libben’? freegje ik my ôf.

We kinne er allinnich mar mei respekt oer hawwe!

Foltôge libben.

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest

1 Comment
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments
Elske

Oeral is in tiid foar Foar elk ding is in oere en foar alles ûnder de himel in tiid. Der is in tiid om berne te wurden en in tiid om te stjerren, in tiid om te plantsjen en in tiid om de planten út te roegjen, in tiid om te deadzjen en in tiid om te hieljen, in tiid om te brekken en in tiid om te bouwen, in tiid om te skriemen en in tiid om te laitsjen, in tiid om te gûlen en in tiid om te dûnsjen, in tiid om stiennen te smiten en in tiid… Lês mear »

Previous
Grouwens

1
0
Would love your thoughts, please comment.x