
Mar dizze kear wie it oars; hy hie it no es net oer syn boeken mar oer de moraal fan hjoed-de-dei. Hy bedoelde er mei dat it fertrouwen yn de minske foart is.
Wy fertrouwe elkoar net mear.
As metafoar neamde hy it touwtsje ùt de brievebus fan eartiids. By ùs stie de efterdoar altyd iepen sa as by eltsenien
‘Moat it no sa?’ tink ik dan by mysels.
Ik langje wer nei de tiid fan do ik lyts wie. Do ùs mem it jild yn it flesserek by de dyk sette en Jeen it wiksel jild wêrom lei.
Wannear soe dat fertrouwen yn elkoar wêrom komme?
As binne dy tiden foargoed foarby?
Mar hoe de tiden ek feroarje meie, ik bliuw leauwen yn it toutsje. It toutsje dat minsken meielkoar ferbynt, wat foar kleur, ras as leauwen dan ek.