Dy is foar heity

sint-maarten_750xn-bewerkt

It is de elfde fan de elfde, dat betsjut Sinte Marten. Wy sitte yn in buert wert in protte jonge gesinnen wenje. It kin jûn drok wurde.

Mar wat kin ik dy bern jaan? Snobbersguod mei net mear. Dan noch mar efkes nei de super om mandarinen.

De earste meldt him al betiid oan. Fjouwer jonkjes mei donkere eagen sjogge my ferwachtingsfol oan. “Earst sjonge.” sis ik. Ik ferwachtsje er net folle fan want sjong mar es “Sinte Marten op in stokje” yn in fremde taal.

Muoiteleas sjonge se ek noch twa kûpletten. It docht my wat. Se krije fansels mear as gewoan wei.

Dan komme der in stik as mannich bern lâns. De memmen stean op in ofstân te sjen. ‘Earst sjonge.’ sis ik. Se sjogge mekoar oan, wa sil  earst begjinne? In famke dat eiglik al op de grutte skoalle sit set yn, de oaren falle har by.

Foaroan stiet in lyts mantsje. Hy sjocht spand nei syn eigenmakke lampion. ‘Ik mei gjin mandarinen.’ seit er ferlegen. ‘It hoecht ner hear.’ sis ik. ‘Mar ik wol wol ien ha.’ seit er der efteroan. ‘Do meist se dochs net?’ freegje ik.

‘Dy is foar heity,’ seit er; ‘want dy is in bytsje siik.’ 

Dy is foar heity ….

Diele mei:

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien