Mankelikens Omdat ik my sa fiel...

Ik stean foar `t rút, er hinget in grouwe mist. De strjitten lizze er ferlitten by. It is stil, de measte lju hawwe tusken de feestdagen frij naam.

Sokke dagen komt de bedriuwichheid let op gong. As it no de mist is as it ferlittende útsicht der oerfalt my in gefoel fan mankelikens.

‘Wat is dat dochs?’ freegje ik my sels ôf; ‘dat ik sân hekel ha oan de dagen tusken Krist en Âld & Nij? It binne lege dagen, sûnder betsjutting.’

De krystbeam sjocht my ferwitend oan as ik him begjin út te kleien. Ik praat tsjin him en lis út werom. “Omdat ik my sa fiel.” sis ik; “der past gjin oerdied fan ljocht by.”

Ik gean op `e grûn sitten om de lêste slingers út te plúzjen. Wylst de beam stadich oan ûntmantele wurdt, geane myn tinzen werom.

Myn suster dy hommels weirekke en goekunde dy wy misse moasten. Ik wit wol: it wiene minsken fan âldens mar sommige litte in leech plak achter. Us hûn dy wy nei santjin jier mei in protte triennen bedobbe hawwe.

Ik sjoch nei bûten: de sinne wrakselet him in paad troch mist flarden hinne.

Ynienen tink ik; ‘Dat moast sto dochs ek kinne.’ en rjochtsje myn rêch …

LÊS EK:  Stimmen ùt it ferline...
  • Efkes n digitale earm om dy hinne…ondanks alles ‘n goeie jierwikseling tawinske foar jim beiden

  • >