Wer geane jimme hinne mei de Kryst?

Wer geane jimme hinne mei de Kryst?” freget it jonkje. Se sitte mei hun fjouweren op it skoalhek. Se ferfele hun in bytsje.

“Wer geane jimme hinne mei de Kryst” seit it jonkje noch in kear. ‘It is no ùs mem har beurt.” giet er fierder; “Mar ik ha der gjin nocht oan. Ik mei dy frou net dy it plak fan myn heit ynnaam hat.” 

In oare jonge falt him by; “Ik moat nei myn heit en syn freon, net in rare fint hear, hy docht syn best om it my nei ‘t sin te meitsjen.” 

De tredde jonge seit: “Wy sille meielkoar Kryst fiere en dan komme al dy bern ek fan dy oare lju.”

“Mar,” seit de fjirde jonge; “dat is dochs moai, safolle minsken. Ik bin allinnich mei myn mem. Mar wa komme er dan allegearre?” giet er fjirder; “En kinne se wat meielkoar opsjitte?” 

“Sokke dagen wol,” seit er; “elts docht syn best om it gesellich te hawwen. Mar as ik by heit bin, dan moat ik oan ùs mem tinke.”

“En ik oan ùs heit…” falt him ien by.

It is net sa maklik mear hjoed-de-dei. Eartyds hiene jo ien heit en ien mem. Dat gong ek net altyd goed mar dochs hoegden jo as bern net te kiezen.

Wer geane jimme hinne mei de Kryst?

Diele mei:

One Comment on “Wer geane jimme hinne mei de Kryst?

  1. Dit is in dorp maar in grote steden kwamen vroeger deze scheidings situaties wel veel voor Ja voor kinderen is het lastig

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien