Realistysk

Op de doarmatte falt in útnûging foar in tentoanstelling fan skilderkeunst. In freondinne fan ús is nei har fiifensechstichste begong te skilderjen. Fan ôf maart oant augustus eksposearret sy yn ‘De Deelen‘. Ik skilje har dat ik earst es lâns komme wol. Want ik bin in analfabeet op dat mêd. Ik mei de hiele samling fan … Read more

Dôvens

Wat sei sto?” Hûnderd kear deis hear ik dat. Ik sit yn in leeftiidsk kategory dat in hiel soarte minsken om my hinne dôf wurde. In diel derfan ontkent dat sy der lêst fan ha, se wolle der net oan ta jaan. As net wêze wolle want dan lit jo blike dat jo net mear de … Read more

“Wa wie ùs mem?”

Ik wol myn libbensferhaal skriuwe,“ seit myn freondinne tsjin my; “ik sil it opslaan en, as ik er net mear bin, kinne myn bern mar in moai praatsje hâlde op myn kremaasje.” “Wat presys wolst dan opskriuwe?” freegje ik. Wy sitte tegearre te kofjedrinken en krije it oer in freondinne dy `t krekt stoarn is. De … Read more

Tolerânsje

Ik sit yn in grot folle trein. De reizgers sitte hast by inoar op‘e skoat. Ferskate minsken ha noch in plakje fûn om te stean. Tsjin oer my sit in famke. Hja besiket in pizza út de doaze te plúzjen. Mar foar dat se begjint te iten docht se de hannen  gear. Der wurdt wat … Read more

Opromming

Al wiken lang kom ik by in grutte meubelsaak lâns. It is oprommingstiid, sa ek by dizze winkel. Se ha prachtige flierkleden yn in grutte bak bûtendoar stean. Se binne al aardich ôfpriizge, mar binne my hieltyd noch te djoer. In skoft lyn ha we in oerstreaming hân yn hûs mar in nije flierbedekking, dêr … Read more

Identiteitskaart

Ha jo ek in identiteitskaart?” freget it bank frommeske my. Oeral moat min hjoed de dei jins identiteitskaart sjen litte. As ha jo noch sa’n earlik gesicht as binne jo al op âldens, jo moatte bewize kinne dat jo it ek echt binne. Der ha ik muoite mei moat ik sizze. Op myn âlde siet … Read more

Optimisme

It is sneintemoarn, 11 oere. Wy sitte foar it programma Business Class, myn man en ik. Hy hâld fan dat programma want hy komt ùt it sakelibben. It seit my net safolle. Meastal giet it my boppe de pet. Mar nò wie âld minister Wiegel yn byld. Hy brocht in winsk ùt op de Nederlânske … Read more

Samlings

Noch ien plakje op de finsterbank en dan moat ik écht ophâlde.’, seit se. Rûnom stean hynders troch it hiele hûs hinne. Sels op de planke yn it skythúske. Ik bin op besite by in freondinne en ha sa’n hynderke meinaam. Sy sammelt se sawol yn it grut as yn it lyts, fan hout en … Read more

Femyljeberjochten

Jan, kinst sto Pieter fan Ale en Jantsje noch? Nò, dy is dea en hy is net sa âld wurden.’ Ik skilje mei myn broer út myn doarp. De Ljouwerterkrante is krekt kaam en dan sjoch ik earst nei de famyljeberjochten. Soe der ien by wêze dy ik kin? In frjemde gewoante, ik jou it … Read more

Aldjiersgrappen

Foto's: Noordoost.nl/Alex J. de Haan

Der giet wer in hurde knal, ús hûn spat by de glêzen op. Hy net allinne, mar ek wy skrikke ús by tiden hast dea. Al dagen giet it sa. “Wer is ús wykplysje?“, freegje wy ús ôf. Sokke dagen gean faaks myn tinzen nei myn doarp werom. Ik hie twa bruorren dy dan mei … Read more