Identiteitskaart

Ha jo ek in identiteitskaart?” freget it bankfrommiske my. Oeral moat min hjoed de dei jins indentiteitskaart sjen litte. As ha jo noch san earlik gesicht as binne jo al op leeftiid, jo moatte bewize kinne dat jo it ek echt binne. Der ha ik muoite mei moat ik sizze.

Op myn âlde siet in nuvere pasfoto. Ik lykje der op in nicht dy ik net lije mei. Doe moast myn bril ôf  en ik moast myn mûle ticht hâlde. Sis nò sels; sa lykje jo dochs op in poer fremd minske. Ien dy `t socht  wurd by Opsporing Verzocht. Mar wat seit san foto nò fan dy persoan? Ik wit dat ik osa op myn mem lykje, fan aard en fan gestalte. Nèt dat ik der lèst fan ha, sy hie goeie mar ek mindere goeie eigenskippen. Mar ik bin ik in hiel oar persoan en dat wol ik ek op de pasfoto ha.

Mar hoe doche jo dat? Ik siikje in goeie fotograaf dy fjirder sjocht dan it gesicht foar him. Mar wer fyn ik dy? Ik ha him fûn: in jonge man dy`t krekt foar him sels begong is. Earst koe ik him net oan it ferstân bringe wat ik nò krekt bedoelde. 

It is klear kaam. It is in kreaze pasfoto wurden. Al lykje ik der sprekend op Doutzen Kroes. Soene hja my leauwe by de bank?

One Comment on “Identiteitskaart

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien