Opromming Oer Minsken & Kleedsjes

Al wiken lang kom ik by in grutte meubelsaak lâns.

It is oprommingstiid, sa ek by dizze winkel. Se ha prachtige flierkleden yn in grutte bak bûtendoar stean. Se binne al aardich ôfpriizge, mar binne my hieltyd noch te djoer.

In skoft lyn ha we in oerstreaming hân yn hûs mar in nije flierbedekking, dêr seagen we beide huzershichte tsjin op, myn man en ik.

It wurdt in hiele put mei kasten en sa, sadat in flierkleed de rest kamûflearje kin.

Okee. Juster kaam ik der wer lâns en einlings haw ik it kleed foar in moai pryske kocht.

Mar doe kaam it: hoe ferfier je soks? Ik hie tafallich in boadskipkarekke, sa’n senioarekarke op tsjiltsjes, by my. “Dan moat er der mar rjocht op yn stean.” tocht ik sa.

No, ik ha’t witten. Max luts my de berm yn en it kleed gie mei. Ik bin oan it foeterjen op mysels. Wat ha ik my yn’e holle helle?

Dan ynienen hear ik ien roppen. In frou komt er oandraven en yn breklik Nederlânsk seit se dat se my helpe sil. En sa skarrelje we nei hûs.

Yntusken fertelt se dat se in Sileenske is. Wylst we hâlde en kearen hawwe om de hiele boel oerein te hâlden, seit se dat se slim ûnwennich is nei har heitelân.

We komme thus. Se freget of ik ris delkomme wol en foar dat ik har betankje kin krij ik in dikke tút.

Ik bin der oandien fan. Wy prate ôf dat ik meikoarten by har delgean sil. Nuver, mar ik bin suver blier mei dizze moeting as mei it flierkleedsje…

LÊS EK:  Gryp
>