Jan, kinst sto Pieter fan Ale en Jantsje noch? Nò, dy is dea en hy is net sa âld wurden.’
Ik skilje mei myn broer út myn doarp. De Ljouwerterkrante is krekt kaam en dan sjoch ik earst nei de famyljeberjochten.
Soe der ien by wêze dy ik kin?
In frjemde gewoante, ik jou it grif ta. Us mem dy dat eartiids ek al en as bern tocht ik dan: se koe der wol nei út sjen. En dan, as it in goekunde wie, wurde der wiidweidich oer praat.
Dochs fûn ik it as bern prachtich as de buorfrou en ús mem fan alles oer de persoan yn kwestje fertelden.
Dan hiene wy yn ús doarp noch in leedsizzer. Hy droech in swarte lange hokseklapper mei koperen knopen en in swarte hege hoed. En wat it moaiste wie: hy koe de leedbrief út de holle opsizze en droech dat yn dichtfoarm foar. By elk hûs en by elke doar wurde mei niget nei him lústere.
Der is in soarte ferlern gong oan mienskipssin.
Mar ja… Tiden hawwe tiden.
Ik sil myn suster efkes skilje. Dy koe Pieter ek. Hja sieten ommers yn deselde klasse…