Noch ien plakje op de finsterbank en dan moat ik écht ophâlde.’, seit se. Rûnom stean hynders troch it hiele hûs hinne. Sels op de planke yn it skythúske.
Ik bin op besite by in freondinne en ha sa’n hynderke meinaam. Sy sammelt se sawol yn it grut as yn it lyts, fan hout en fan stien. Har heit wie eartiids boer mei foarleafde foar hynders. ‘It sil der wol wei komme…’, tink ik. Se hat ûnderwylst in plakje fûn en wiidweidich ferhellet se wer de bisten allegearre wei komme.
Wat minsken sa al sammelje. Bytiden kin ik my der oer besauwe.
Mar eartiids hie ik sels ék in samling, fan antieke strykizers. Oeral wer ik kaam seach ik om my hinne as er wat fan myn gading wie. Sels as wy mei fakânsje yn it bûtenlân wiene, moasten wy alles ôfstrune nei aparte strykbouten. Ta grutte argewaasje fan man en bern fansels. En thús moasten alle boeken út de boekekast, en de bouten der yn.
Och, wat koe ik grutsk foar de kast stean, oeren oanien. Doe ferhuzen wy nei in lytser wente, de hiele samling waard ferkocht… der wie gjin romte mear foar. En de kast… Der stean de boeken wer yn.
Mar wat hát it my in nocht en fertier brocht. Dat kin net ien my ôf nimme…
Wist it noch wol jonge, doe wy yn York wiene, wat ha wy der in kurieus strykizer kocht, kinst it dy noch foar de geast helje?
Ja, dat wil noch wol. Net mear wat foar izer mar us trip noch wol. Geselliche tiid, dat wol.