Optimisme

It is sneintemoarn, 11 oere. Wy sitte foar it programma Business Class, myn man en ik. Hy hâld fan dat programma want hy komt ùt it sakelibben. It seit my net safolle. Meastal giet it my boppe de pet. Mar nò wie âld minister Wiegel yn byld. Hy brocht in winsk ùt op de Nederlânske befolking. En ik, ik wie it hielendal mei him iens.

Hy sei; “Ik winskje eltsenien in jier fan folle optimisme.” En der stean ik hielendal achter. Ik kin wol sizze, ik bin op it oarlochspaad tsjin it negativisme. En derom bin ik it nije jier begong yn lytse kring. Myn man wol ek noch wol es swart- wyt tinke en negatyf ùt de hoeke komme.

Op in nijjiersgearkomst hearde ik oars neat as folle lok, seine en sûnens. Fansels is dat ek sa, dat is foar elken ien hiel wichtich. Mar ik winskje jo, hoe beroerd jo omstannichheden somtiden ek binne, “folle optimisme ta.” 

Sille wy meielkoar yn it gewear komme tsjin it negativisme? Dan sil it net lang duorje as de wrâld sil der de fruchten  fan ploaitsje…

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien