By de tiid bliuwe

want de tiid haldt gjin skoft

troch Posted on 5 Comments 0 min read 414 views

By de tiid bliuwe.' seit myn soan en sjocht my twingend oan.

Ik bin net de jongste mear en ha oeral útlis by nedich. En dan fiel jo je somtiden in bytsje stom. Mar ik lit my net kenne fansels.

Mar ik kom er mei myn arguminten, hoe goed ik de ek formulearre ha, net foarwei.

'Jonge,' sis ik dan, 'dyn mem is al âld, alles is fersliten en net yn te ruiljen.'

'Mem stelt har oan.' seit ien soan, 'Mem kin mear as sy tinkt.'

En sa komt er, foar dat ik it yn 'e gaten ha, in ûnbidige telefyzje oan 'e muorre.

Ek it robúste skilderij fan Piet van der Hem en Ids Wiersma's etsen moatte romte meitsje.

De stuollen moatte fansels allegearre wer fersetten wurde want Netflix easket dat.

'Mem moat in nije telefoan ha.' seit in oare soan. 'Myn âlde docht it dochs noch goed.' sis ik.

Twa dagen letter, yn in prachtich doaske, bringt de besteller de bestelde telefoan. 'Dit is de nijste smartphone.' seit hy, 'Dy kin alles behalve kofje sette.'

'Wat kost dat no?' freegje ik, sunich dat ik bin, want ik bin ommers opwaakse mei de fingers op de knip. Goeie doelen en sa kinne best wat jild krije, en ek de bern hoege net nei de itensbank. Mar fjirder...

Nei in protte obstakels en nachten wekker lizzen jou ik my oer, gjin ferset mear mar genietsje fan de nije tiid.

'Tankje wol, jonges. Nim mij net kwea ôf, in mem dy út in oare tiid komt. Ha wat geduld mei har,'

De telefoan giet. Hoe set ik him ek alwer út?

By de tiid bliuwe. It falt net mei.

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest
5 Comments
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments
Elske

It liket wol hoe âlder as je wurre, hoe hurder as de tiid giet.

Elske

Ha je Shtisel op Netflix al sjoen?

Appelvrouw

Wat heerlijk dat "de jeugd" je nog bij de tijd houdt.
Ik weet niet wat netflix is (ik ben helemaal niet bij de tijd en dat is heerlijk rustig)
maar ik hoop dat je er veel vertier aan hebt. Voor veel mensen is dat een goede afleiding.

Elske

In "virtueel uitje" nei it Ryksmuseum yn Amsterdam. Is it ek wat foar jo?
https://www.overons.kpn/nl/nieuws/2021/bewoners-verpleeghuizen-met-vr-bril-op-bezoek-in-het-rijksmuseum

Previous
Jierdei yn beheindens

5
0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x