Twa Bar

Ik ha gjin waarm wetter!“, rop ik ùt de keuken. It is twadde krystdei en der stiet in brot ôfwaskjen op it oanrjocht. Ùt de keamer ropt der ien: “Doch it dan mei  kâld…” Mar mei dy fette troep is dat gjin opsje. In soan seit: “Ik sil efkes sjen.” Ik hear in protte geheister boppe … Read more

Folle seine en frede

De boadskippen binne yn ‘e hûs, de krystkaarten hingje en it stof is fan de telefysje. It moaie krystkleed fan myn skoanmem is wosken en strutsen en it sulver poetst. Ik bin der klear foar, de bern kinne komme. Mar bin ik der sèls klear foar om it Kristusbern wolkom te hjitten, freegje ik my … Read more

Krystfeest

Wy hiene yn ùs doarp eartiids twa krystbeamen. Ien yn de tùn fan de dokter en in hiele grutte yn de Herfoarme tsjerke. Djip ûnder yndruk wie ik as ik dy prachtiche beamen seach. Yn de beam fan de tsjerke sieten echte kearsen mei sulveren bollen. Twa man sieten by de beam. Hja hiene lange … Read more

Kulinêr

“Wat sille jimme ite mei de kryst?“, wurd my dizze dagen gauris frege. Wat is dat hjoed de dei wichtich wurden tink ik dan by my sels. En dan komt de swierrichheid; ik bin hielendal net kulinêr oanlein. Ik bin mear fan de gewoane pot. En ik moat sizze myn man en bern kleie noait. … Read more

A.O.W.

“Wanneer krijgt u het weer binnen?“, freget in frommeske my. Ik stean by de kassa fan in grutte supermerk. Se sjocht wat meilydsum nei myn protsje boadskippen op de rinnende bân. “De drie en twintigste zeker?” Ik sjoch har freegjend oan. “Wat bedoele jo?”  “Nou ja de meeste mensen zitten er op te wachten in … Read more

Boelguod

“Ik ha it kammenet fan ùs mem oan myn skoandochter jûn.“, seit myn suster troch de telefoan. Ik sis ferbjustere: “Wèrom dat?” “Nò, it fûl hast ùt elkoar en ik hie myn nocht der fan.“ Yn myn tinzen bin ik amper trije jier en stean mei myn heit yn doelhof yn Âldeboarn. De herfoarmde dûmny is … Read more

Kryst- en Âldjierswinsken

“Ik doch dit jier der nèt oan mei…“, sis ik tsjin myn man. “Wer oan mei?“, freget er. Hy sit mei de holle earne yn in fier lân wer in protte reboelje is. It kostet hânnen fol jild en wat in wurk, gean ik unfersteurber fierder. Ik ha it oer kryst- en nijjierskaarten. Elts jier … Read more

Pankoek bakke

“Atsje, wy moatte pankoek bakke.“ It is âlve oere jûns yn it lèste jier fan de oarloch. Willemke, ùs buorfrou, stiet midden yn de keamer mei de pankoekspanne yn oanslach. Ik ha allegear minsken ùt it westen by de doar dy honger hawwe. En sa stean se tegearre oan ‘t fier yn de nacht te … Read more

Advintsjûn

“Hast sto ek in moai ferhaal , freget de foarsitster. Wy sille as susterkring advintsjûn fiere. Dat hâld yn: foar it skoft it geastlike gedielte en nei it skoft in frij ferhaal. En ik wit net wat it is mar dan freechje se  my altiid. Dan helje ik de hiele boekenkast oerâl, sneup alle boekwinkels … Read more

Leverkleurich

“Ik wol in muorre yn de keamer in oare kleur jaan.“, sis ik tsjin myn man. Hy sjocht om him hinne. “It sjocht der oars noch kreas ùt.” Ik wit dat hy tsjin it gedoch opsjocht.Mar ik ha dat nò ienkear yn de holle, en dat is in mankemint, dat wit ik en dan moat … Read more