It lêste eintsje

Huzen wurde leech helle en oare hûzen wurde wer oan kleit. Sa giet it eltse wike, hjirre yn dit tehûs.

Bewenners komme en gean. Hja hawwe har eigen hûs ferkocht en hja wer op ‘e nij ta wenjen set yn in âldereinhûs. Faaks mei in protte tsjinsin en fertriet want elts minske wol dochs it leafst dat it by it âlde bliuwt…

Mar troch dat jo partner minder wurdt en it echt net mear kin, moat min nei wat oars omsjen.

Faaks bin er bern dy jo oantrúnje, út soarchsumheid, om it mar te dwaan. Lang om let giet it oan.

Mar dan komt it… Hoe dogge wy dat?

Eltsen ien wol helpe, mar wannear? As de iene kin, kin de oare net. ‘Mar jimme woene it!’, hear ik immen roppen, blykber de wanhoop neiby.

Mar nei dat alles oant yn de puntsjes regele is, sil it heve.

As it lêste guod efter de klapdoar fan de ferhúsauto ferdwûn is, geane sy de ûnwisse takomst temjitte. It lêste eintsje fan har libben sille sy er tegearre wat fan meitsje, prate se ôf. De sjauffeur is hastich en lûkt op.

En dan is it tiid, de bernsbern wolle nei hûs. ‘Oant sjen, pake en beppe! Wy komme gau wer!’

En nei al dy komosje is it wer mûsstil op ‘e gong…

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest

2 Comments
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments

[…] Lês fierder by Tiden hawwe tiden […]

Appelvrouw

Elke dag de dood om je heen. Daar went een mens misschien wel een beetje aan, maar dat zou ook betekenen dat het je steeds minder doet, misschien. Ik probeer me dat voor te stellen. Toen mijn schoonvader vorig jaar in het verzorgingstehuis verbleef heb ik me keer op keer verbaasd wat daar gebeurd. Mij leek dat wel een fijne plek om te wonen als je niet meer goed kunt. Maar soms kwam je op bezoek en was er weer een rouw auto of reed er een kist uit de lift. Tot schoonvader zelf in een kist werd weggedragen. Ik… Lês mear »