Fjoerwurk

Wy hawwe pine yn`t liif oer de kommende dagen. Ik ha it oer de knallerij. Ùs Max is as de dea foar alles wat mar knalt. Al dagen doart hy net nei bûten. Regelmjittich tôgje ik him yn de tùn. Mar foar dat ik it troch ha is hy al wer yn hûs. Ferskate minsken … Read more

Ynklauwers

In pear hùzen fjirder op stean in pear manlju foar in hûs. It eaget noch al offisjeel. Ik sjoch wol: it binne nèt meteropnimmers. “Wat stiest sto te lûren?” hear ik myn man op de achtergrûn sizzen. “Dit hat mûzen.” sis ik.  In pear wiken allyn is de man ferstoan. Hy wenne allinne. Ik makke … Read more

Deun by dy sels

Sa as eltse simmer mochten wy wer in tsjinst fersoargje yn de Rotonde Tsjerke fan Tsjalbert. Yn it kader fan oekumenyske tsjinsten geane minsken fan ferskate kleuren foar. Nei oanlieding fan de tekst ùt Romeinen 12;2 (“U moet andere mensen worden met een nieuwe gezindheid“) hiene wy as tema: “Wie nooit van mening is veranderd, … Read more

Realistysk

Op de doarmatte falt in útnûging foar in tentoanstelling fan skilderkeunst. In freondinne fan ús is nei har fiifensechstichste begong te skilderjen. Fan ôf maart oant augustus eksposearret sy yn ‘De Deelen‘. Ik skilje har dat ik earst es lâns komme wol. Want ik bin in analfabeet op dat mêd. Ik mei de hiele samling fan … Read more

Dôvens

Wat sei sto?” Hûnderd kear deis hear ik dat. Ik sit yn in leeftiidsk kategory dat in hiel soarte minsken om my hinne dôf wurde. In diel derfan ontkent dat sy der lêst fan ha, se wolle der net oan ta jaan. As net wêze wolle want dan lit jo blike dat jo net mear de … Read more

“Wa wie ùs mem?”

Ik wol myn libbensferhaal skriuwe,“ seit myn freondinne tsjin my; “ik sil it opslaan en, as ik er net mear bin, kinne myn bern mar in moai praatsje hâlde op myn kremaasje.” “Wat presys wolst dan opskriuwe?” freegje ik. Wy sitte tegearre te kofjedrinken en krije it oer in freondinne dy `t krekt stoarn is. De … Read more

Tolerânsje

Ik sit yn in grot folle trein. De reizgers sitte hast by inoar op‘e skoat. Ferskate minsken ha noch in plakje fûn om te stean. Tsjin oer my sit in famke. Hja besiket in pizza út de doaze te plúzjen. Mar foar dat se begjint te iten docht se de hannen  gear. Der wurdt wat … Read more

Opromming

Al wiken lang kom ik by in grutte meubelsaak lâns. It is oprommingstiid, sa ek by dizze winkel. Se ha prachtige flierkleden yn in grutte bak bûtendoar stean. Se binne al aardich ôfpriizge, mar binne my hieltyd noch te djoer. In skoft lyn ha we in oerstreaming hân yn hûs mar in nije flierbedekking, dêr … Read more

Identiteitskaart

Ha jo ek in identiteitskaart?” freget it bank frommeske my. Oeral moat min hjoed de dei jins identiteitskaart sjen litte. As ha jo noch sa’n earlik gesicht as binne jo al op âldens, jo moatte bewize kinne dat jo it ek echt binne. Der ha ik muoite mei moat ik sizze. Op myn âlde siet … Read more

Samlings

Noch ien plakje op de finsterbank en dan moat ik écht ophâlde.’, seit se. Rûnom stean hynders troch it hiele hûs hinne. Sels op de planke yn it skythúske. Ik bin op besite by in freondinne en ha sa’n hynderke meinaam. Sy sammelt se sawol yn it grut as yn it lyts, fan hout en … Read more