Wa wie ùs mem?

Ik ha myn libbensferhaal op papier set…“, seit myn freondinne tsjin my; “Ik ha it opslein en, as ik er net mear bin, kinne myn bern mar in moai praatsje hâlde op myn kremaasje.” “Wat hast dan opskreun en wer bist sto begong mei dyn ferhaal?” freegje ik.

Wy sitte tegearre te kofjedrinken en krye it oer in freondinne dy `t krekt stoarn is. De bern witte neat fan har allinne dat sy skyt skjin en sekuer wie. Mar oer it werkelike minske “mem” witte sy neat. “En der wol ik foar oppasse…“, seit se en nimt noch mar in bakje kofje. “Hast sto al wat op papier set?” freget se my.  “Nè,” siz ik; “ik bin noch net fan plan om der ùt te stappen en boppe dat de bern kinne my fan binnen en fan bûten.” Heech ùt soene se sizze: “Wat soe sy dizze taspraak moai fûn ha.” Nò ja, dat hoopje ik dan mar…

Efkes letter sitte wy oan in glèske wyn en binne ùs eigen ôfskiedsrede oan it skriuwen. Ik kin wol sizze it binne moaie ferhalen wurden. De titel is al skreun: Wa wie ùs mem?

One Comment on “Wa wie ùs mem?

  1. Wachtsje yndied mar efkes mei utstappen, hear. We hawwe it tige noflik sa.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien